Weppers snein 11-2-2018

Sneon 10-2-2018
9 februari 2018
SDS siket in fersoarger!
12 februari 2018

Doellinetechnology

By SDS hawwe wy ek doellinetechnolgy. Dit is stikken goedkeaper as yn it betelle fuotbal. Foar in bakje kofje en in stikje cake yn de rêst en twa fleskes bier nei de wedstryd is Henk Bootsma de libbende doellinetechneut by SDS. Juster moast hy de kop der goed by hawwe doe ’t Habtamu de Hoop by SDS 1 – QVC 1 mei in prachtige heale omhaal de bal ûnderkant latte skeat. De bal stuite foar of efter de line en stuite it fjild wer yn. Skiedsrjochter Ale van Tuinen seach mei it bleate each dat de bal siet en wees nei de middenstip. Hy hie efentueel ek by Henk Bootsma ynformere kinnen.


Foto Henk Bootsma

Pupil fan de wike

Juster by SDS 1 – QVC 1 wie Philip Eupper de pupil fan de wike. Hy woe nei de wedstryd graach mei Lourens van der Pol op de foto.

Poiesz-aksje

SDS docht dit jier wer mei oan de Poeisz-aksje. Dy begjint moarn. Jûn kinne jim der alles oer lêze!
Yn de kantine stiet alfêst in tontsje foar de Poiesz-munten. Alde munten binne net jildich.

Babysjouwer SDS 4

Gert-Jan Hessels syn faam ferwachtet ynkoarten in lytse poppe. Wat SDS 4 oanbelanget tiid foar in babysjouwer.

Babysjouwer SDS 4 (2)

Wat SDS 4 oanbelanget is it de bedoeling dat de lytse fan Gert-Jan as SDS’er opfoeden wurdt en as SCC’er……….

 

Skelterje

SDS JO19-1 hat juster op Amelân fuotballe tsjin Geel-Wit JO19-1. Sy ferlearen krekt mei 3-2, mar dat mocht de wille net bedjêrre. De JO19-1 is in nachtje op Amelân bleaun en Yward en Sander regelen de hassebassies.

Harsens derby (1986)

Cech is net foar keeper wurden……………..

 

Daliks mear!