Weppers woansdei 10-1-2018

SDS Vr.1 tongersdei op it OFK

De froulju fan SDS meie tongersdei los op it OFK. Dizze froulju sille mei: Gerry, Tjitske, Lysanne, Hester, Sanne, Sieta en Marjo. Frouljussealfuotbalekspert Akke-Rixt Zysling sil mei as koach.
Harren programma sjocht der sa út:
19.58 SDS Vr.1 – FFS
20.26 SDS Vr.1 – Heerenveense Boys
21.08 Leeuwarder Zwaluwen – SDS Vr.1
21.50 SDS vr.1 – Broekster Boys
22.32 Nieuw-Roden – SDS Vr.1
Nieuw-Roden wûn twa jier werom by de froulju it OFK.

SDS Vr.1 sike noch in flagger foar op it OFK, mar dy is ynmiddels fûn!

SDS Vr.1 is foar it OFK noch drok op syk nei in flagger. De wedstriden dy ’t SDS namelijk ‘thús’ spilet, moatte sy foar in flagger soargje. Wa ’t wol graach kontakt opnimme mei Jacomien Heeres of Akke-Rixt Zysling.
Updeet 11/1 12.00 oere: Der is ynmiddels in flagger fûn!

SDS fjild net yn seal

SDS fjild wie justerjûn net te sjen op it OFK yn Frjentsjer. Sykte en net fit wie de reden fan ôfmelding. sc Franeker zaterdag 2 naam it stokje oer. Yn harren poule waard Puinhoop United (twadde fan ferline jier) earste yn de poule en de Herauten twadde. Om ’t Puinhoop United sneon ferhindere is giet nûmer 3 Leovardia fjild 1 troch nei de finales.

SDS seal nei de OFK-finales tsjin ….

SDS seal hat him dus al pleatst foar de finales fan sneon en is benijd tsjin wa’t sy sneon moatte. Sy sitte yn poule 2 yn elts gefal mei Futsal Frisia en Futsal Hoogeveen. Jûn út poule 3 komt de lêste ploech derby. De nûmer twa út dizze poule komt der by: ONS Sneek, sc Veenwouden, vv Workum veld, zvv Krooster Boys, sc Franeker zaterdag en vv Jubbega.

Oefenje

SDS 1 sil tongersdei traine en hat freed in oefenwedstryd thús tsjin Heeg.

Nouri

Der wurdt wer hiel wat ôfpraten, diskuseard, rekkene en prosedearre oer Nouri. Nico Dijkshoorn fynt er wat fan en dat fine wij ek. Sjoch hjir.

Ut de doaze fan de tachtiger jierren


Yn de tachtiger jierren spile SDS meardere kearen tsjin Hubert Sneek. Yn dy tiid stiene der echte ferslagen yn de Snitser Krante.

Harsens derby (1969)

Coutinho giet no foar in grut bedrach fan Liverpool nei Barcelona. By Liverpool wienen sy al hielendal wei fan him doe ’t sy in filmke fan him seagen doe ’t hy sealfuotballe doe ’t hy in jier as 11 à 12 wie.