Weppers tongersdei 16-11

‘De Kist’ freed op sponserjûn

Sa ’t jim al earder lêze koenen komt moarntejûn om 20.00 oere Simon Kistemaker in praatsje dwaan foar alle sponsers en Freonen fan SDS. Sy binne allegear útnoege foar dizze no al legendaryske jûn! Sponsers en Freonen dy ’t harren net opjûn hawwe binne ek fan herte wolkom. Elkenien mei ien yntroducé meinimme en de kofje mei gebak is fergees.
Nei de tiid de earste twa slokjes ek!
Simon Kistemaker hat ek wat boeken mei om te ferkeapjen à €20,- sinjeard en wol.
Oant moarn!

SDS-klean te keap!

Sneon 25 novimber stiet Douwe-Dirk Reitsma wer yn de kantine fan SDS om SDS-klean te ferkeapjen. It liket ús foar Sinterklaas in ideaal momint om efkes by Douwe yn de kantine te sjen om wat ynkeapen te dwaan. Douwe hat fan alles op foarrie.

SDS seal

Justerjûn wie de wedstriid SDS 1 – Irnsum 1 en SDS 1 pakte syn earste oerwinning fan it seizoen! It wûn mei 4-3 troch goals fan Johan, Pieter, Klaas en Willem. SDS kaam mei 4-1 foar, mar yn de lêste minuten waard it dochs noch spannend. Keeper Johan Heerma wie werom nei in ferfelende blessure en koe foarkomme dat it noch in lykspul waard.

Wedstriidponsers

Sneon de wedstriid SDS 1 – Workum 1. Ek no wer twa wedstriidsponsers. De iene komt ut Easterein. De oare út Boalsert. Sjoch hjir en hjir.

Lang hier


It is noch mar 50 jier dat je soks oerkomme koe (boarne LC). Wij meie dochs hope dat de spiler it hier der net ôfdien hat …..

Harsens derby (1946)

Dy Mbappé kinst der wol by hawwe!