Weppers freed 9-12

SDS-League: ‘Bla-bla-blafke’ pakt wykpriis!
8 december 2016
Seleksjes sneon 10-12
9 december 2016

SDS-FIFA-2017-toernoai

Hjoed is it alderearste ‘SDS-FIFA-2017-toernoai’ yn de SDS-kantine. Om 17.00 oere begjinne de bern en om ûngefear 20.00 oere sille de folwoeksenen los. Mei help fan WD-SAT steane der 4 skermen yn de kantine en der sille 4 spulkompjoeters stean. Sa ’n 16 bern sille fanôf 17.00 oere útmeitsje wa ’t de beste is. Dêrnei sille rûn in oer as 20.00 oere sa ’n 18 folwoeksenen sjen litte dat sy it noch better kinne. Fansels is eltsenien wolkom om ek efkes om it hoekje te sjen.
Foar de bern kostet it 3 euro (ynklusyf patat en konsumpsje) en de folwoeksenen betelje 5 euro.
Je kinne je net mear opjaan.
sds-fifa-toernoai-2017-opstelling

Seleksjes

It mist ús net, mar wij tinke dat de seleksjes hjoed ek noch op de side komme. It sil wol in oer as 15.32 oere wurde.

Bauke tsjin Jelte Pieter !

Sneon is de wedstriid SDS 1 tsjin Heerenveense Boys 1, mar it is ek de wedstriid tusken de bruorren Bauke Dijkstra tsjin Jelte Pieter Dijkstra! Bauke as rjochtsefter by SDS en Jelte-Pieter as rjochtsefter by de Heerenveense Boys. Wy binne benijd as sy mekoar yn it fjild ek tsjinkomme sille.

SDS 3

SDS 3 soe om 12.00 oere al los tsjin Tzum 1. Dat is no 14.00 wurden. Thús ek noch wol.

Efkes Balje

Spannend, yn it foar al. Binne der 11, 13 of 15 man….Of soe der dizze kear gewoan in even oantal wêze. Om 19.30 dan sjogge sij it en sneon kinne jim it lêze.

Efkes Bolje

efkesbolje-vr-2016
De dames van efkes baljen zijn flink in training! Elke woensdagavond wordt er van 19.30-20.30u fanatiek getraind! Komend voorjaar willen ze graag als VR 2 op vrijdagavond competitie gaan spelen; 7×7 op half veld. Er zijn 5 speeldata waarop meerdere wedstrijdjes worden gespeeld. Dus niet iedere week.
Lijkt het jou ook leuk om mee te doen aan de competitie en/of om op woensdagavond mee te trainen? Kom gewoon een keertje meedoen. Alle leeftijden zijn welkom; van 20- tot 50+.

Kampioen?

JO9-1 moat sneon winne. Komme jim ek sjen en oanmoedigjen om 9.00 oere?

Sealtoernooi F-pupillen (JO-9 en Minileague)

Opjaan foar it F-pupillen toernooi op sneon 17 desimber kin op dizze link. https://goo.gl/forms/yBpopF9ZhDD0FQN73.
 It begjint om 9.00 (8.45 der wêze)

Joop Braakhekke

Juster kaam Joop Braakhekke te ferstjêrren. Foar inkelde SDS’ers sil dit efkes slikken wêze, want dy hienen dochs in spesjale bân mei him.

Harsens derby (1804)

Knappe lykmakker!! Yn blessuretiid!!