Weppers freed 16-3-2018

Wepside

De wepside hie wat kuren fandêr dat wij efkes út de loft wiene.  Mar tsjin tolven koene wij wer los mei seleksjes en oare saken.

Giet net troch!

Alle wedstriden foar de jongste jeugd oant en mei de JO11 binne ôflast troch de KNVB y.f.m. de ferwachte kjeld.

Bant 1 – SDS 1

Yn de polder om 14.30 oere de wedstriid Bant 1 – SDS 1. De bus fertrekt in oer as 12.15 oere út Easterein. Dizze seleksje sil mei:
Jaap, Ewout, Bauke, Jacob, Remco, Gerwin, Erik, Matthijs, Frank, Pieter, Jelmer, Hendrik, Lourens en Happie.
Inne Heerma sil mei as supporter!
Wa noch mei wol yn de bus kin dit trochjaan oan Willem Wijnia of moarn gewoan om 12.15 oere klear stean by de Skoalleseize.

Giet it troch yn Bant?

De ferwachting is wol dat it moarn troch giet yn Bant. Sy hawwe it fjild ôfrûne wike noch rolle.

Entree van voetbalvereniging SC Bant

SDS VR1

Om 13.05 stiet SDS VR1 op it fjild om te baljen tsjin vv Heerenveen Vr2
De seleksje:
Marjo, Tjitske, Seriette, Hester, Richtje, Kirsten, Lysanne, Gerry-Edou, Sieta, Agnes, Geeske, Janieke + 2 famkes MO17

Coach: Stefan
Flagger: Bertus

SDS 2 – sc Stiens 2

Om 15.00 oere yn Easterein in thúswedstriid fan SDS 2. De seleksje: Gertjan, Hendrik, Jort, Jurjen, Jesse, Anne, Bote, Feite, Lieuwe, Sjoerd, Tjeerd, Dirk en 2 JO19’s.
Flagger Klaas de Haan

SDS 3 – HJSC 2

Ek om 15.00 oere is ek de thúswedstriid fan SDS 3. De seleksje  Harm D, Klaas, Gerlof, Gert-Jan, Henk, Ids, Jan-Simon,Jeroen, Peter,Pieter K, Ronny, Tjeerd, Wichard, Willem, Anco en grinsrjochter Daan.

WPB 5 – SDS 4

Yn Snits spilet SDS 4 om 14.30 oere (at alles goed giet) tsjin WPB 5. De seleksje: Wouterjan, Eeltje, Rick H, Doede S, Allert (rijdt) Johan,  Doede D. Steffen, Jelmer, Andries, Paddo, Sytse (rijdt) Gertj (ovb), Igor (ovb) en Tseard.

Help


De doelman fan Chelsea seach der woansdei net al te sterk út. Bij twa doelpunten fleach de bal tusken de fuotten troch. Spesjaal foar him is der no in helpmiddel om dat te foarkommen.

Harsens derby (1995)

Somtiden hawwe je fan dy dagen dat de bal der gewoan net yn wol……………….