SDS-League: ‘It kin Elger!’

Weppers tongersdei 15-3
15 maart 2018
Weppers freed 16-3-2018
16 maart 2018

It is dizze wike tige ferrassend ‘It kin Elger’ fan Elger Turksma dy ’t de wykpriis pakt. Wiken hawwe wy him al net mear op it fuotbalfjild sjoen, mar blykber hat hy drok dwaande west mei syn team yn de SDS-League. Hy pakt mar leafst 48 punten. Neat mis mei tochten wy sa. It kin Elger!

‘FC Lopens’ fan Sjoerd de Vries rint efter Elger oan, want wêr’t Elger fan 17 nei 5 giet dêr giet Sjoerd fan 18 nei 7 mei 42 punten.

‘Pablo Rispens’ fan Martijn Rispens bliuwt ûngrypber en stiet noch altiten feilich boppe-oan mei mar leafst 23 punten foarsprong op syn neiste folger ‘Jelsmanian Devils’ fan Jan-Simon Jelsma.

De familie Hiemstra nimt mei ‘GEMANIJO’ alfêst in ‘foarsprong’ yn de race om de poedelpriis. Sy geane dizze wike op ‘e nij ûnderút en pakten mar 9 punten.

SDS League 2017-2018 twadde helte wike 5