SDS-League: De wykpriis wurdt dield!

“Feyenoord 0-10 of 10-0” fan Frank Bervoets en “Sub-League” fan Erik Haitsma pakke tegeare de wykpriis! Beide hienen sy mar leafst 68 punten. Mei oare wurden; sy meie de wykpriis diele!

‘FC Boekelaar’ fan Klaas-Bouke Faber rint wat út as koprinner. Hy nimt no 8 punten foarsprong op nûmer 2, ‘Heerenveen till I die’ fan Allert Turksma.

Neist de SDS-League blykt der al jierren in ‘yllegale’ sub-league geande te wêzen. Igor Kalinowski die hjir ek jierren oan mei, mar woe him y.f.m. it nije hûs yn Wommels dy 20 euries no mar besparje. Soks bliuwt ek in gokje fansels, want hie hy al meidien,…………………………… dan hie hy no boppe-oan stien……..

‘Maccabi Marco’ (Rijpkema) hellet in djipterkord mei mar 10 punten. Ferline wike rûn hy noch 34 punten út op de reade lantearndrager Marc Hoekstra, mar no komt dy wer 25 punten tichterby. Soe it dan dochs noch spannend wurde?

SDS League 2017-2018 earste helte stand wike 7