Weppers tongersdei 30-11

Weppers woansdei 29-11
29 november 2017
SDS-League: De wykpriis wurdt dield!
30 november 2017

SDS seal yn ‘spektakulêr’ duel gelyk

SDS 1- sc Bolsward 1 makken der justerjûn in spektakulêr duel fan. Foar it mei grutte getalen opkamen publyk ien kear mei de eagen knippere hie stie it al 4-0 foar SDS. Dit blike ferfolgens in ferlammende wurking te hawwen op de SDS’ers, want foar de rêst wie it alwer 4-3. De twadde helte soe SDS it gas der wer efkes op sette, mar it like wol of hienen sy harren krûd yn de earste trije minuten fersketten. It waard 4-4, 5-4, 5-5 en doe ’t Johan Delfsma nei in knappe fiere yngoai fan Johan Heerma der 6-5 fan makke like de wedstryd dien. Spitich genôch waard it úteinlik dochs noch 6-6. Grutte winners? It publyk! 😉

Grinsrjochter fûn!

SDS MO 17-1 socht foar sneon in grinsrjochter foar de útwedstriid tsjin Oudehaske MO17-1 om 14.15 oere. Gert Jan Hiemstra  is bliid. Der is immen fûn.

Sinteklaas by SDS 2

SDS 2 traint jûn fan 19.00-20.00 tegeare mei de JO19-1 en dêrnei sil Sinteklaas delkomme. As hy Jesse no mar net meinimt yn de sek nei Spanje………….. It soe wol passe……

Net traine efter de sporthal……..

Der kin noch altiten net traind wurde efter de sporthal spitich genôch. der stiet hast mear wetter as gêrs……

De nije Kryst-Treffer

Foar de Kryst komme wy wer út mei in spesjale Kryst-Treffer. Mochten jim noch tips hawwe of oars wat, mail it dan nei deTreffer@vv-sds.nl.

Harsens derby (1954)

Soe Marco Hoekstra ôfrûne sneon ek sa sjoen hawwe doe ’t Jacob-Klaas Haitsma no wol in kear út in korner skoorde? 😉