Wykeinweppers 28-6

Efkes Balje 26-6
27 juni 2015
Oefenskema+seleksje SDS 1
29 juni 2015

A-seleksje
Moarn meitsje wie hjir de nije A-seleksje bekend en it tariedingsprogramma foar it seizoen 2015-2016.

Wedstrydstiper SC Heerenveen – MVV
Foar €25,- kinne je wedstrydstiper wurde fan SC Heerenveen – MVV. Hjirfoar krije je ien frijkaart en je namme komt yn it programmaboekje te stean. Klik
hjir om je op te jaan. De earsten hawwe dit al dien.

Foarferkeap SC Heerenveen – MVV
De foarferkeap foar SC Heerenveen – MVV is los. Je kinne kaarten krije by JUMBO Wommels, Camping de Finne yn Reahûs en by Douwe Reitsma, Smidslân 11 yn Easterein. Kaarten yn de foarferkeap koste foar folwoeksenen €8,- en foar bern o/m 14 jier €4,-. Oan de kassa koste se €10,- en €5,-

SC Heerenveen-klinik fol
Der wienen ôfrûne wike noch 3 plakjes frij foar de SC Heernveen-klinik, mar ynmiddels binne dy alwer fol. Der sille mar leafst 80 SDS’ers meidwaan op freed 17 july om 14.00 oere oan dizze klinik.

Kompetysje-yndielingen
De kompetysje-yndieling foar SDS 1 wurdt kommende tongersdei bekend makke.

Sepp Blatter
Mei de Eastereiner Feesten gie de earste priis by de feestweinen nei “Sepp Blatter” (klik
hjir). De earste SDS-Look-a-like foar it folgende seizoen is dêrby ek fûn.


Harsens derby (1519)
Dit sil Johan Heerma net gau oerkomme: