Efkes Balje 26-6

Kaartferkeap SC Heerenveen-MVV is los!
25 juni 2015
Wykeinweppers 28-6
27 juni 2015

In tik en in tak
Mei tikkie-takkie fuotbal waarden der juster wer oanfallen opsetten om fan te smullen tidens it Efkes Baljen.
De seker net minne ferdigeningen hiene grutte muoite mei it foarkommen fan doelpunten en sa ûntstie der in frijwol gelykopgeande striid.
In tikje hjir en in takkeltsje dêr joech oan dat it net mear om gewoane knopen giet mar om hiele djoere knopen en miskien wol mear om te eare en it feit dat de namme bij de winners neamd wurde yn dit stikje.
It is dúdlik wurden dat de druk der wat ôf moat want it doel is net om mei blessures fan it fjild te gean. It tikje hjir en it takkeltsje dêr seit alles oer de de wil om te winnen en de mentaliteit.
Dat er wer 13 man om healwei achten klear stiene, seit alles. Opfallend fansels dat de Eastereinders Wouter en Remco der wol wiene nettsjinsteande it doapsfeest en dat Wommelsers Pieter en Johan alle feesten mei lykje te pikken. Yn Itens joech de drumband fan Wommels in sjo (earder stiene se op it Efkes Baljen fjild te oefenjen) mar Harrie en Ferrie wisten dat genot te omsilen en kamen noch krekt op tiid oan.
Om fersyk fan de skriuwer fan dit stikje waard fanút in appartement in “rinanalyse” makke. De earste data binne beskikber. Yn de 1 oere en 1 minút dat der balle is, waard gemiddeld in ôfstân ôflein fan  2298 meter troch de Efkes Ballers. En neffens besteande statistiken is dat net min op in waarm jûntsje fuotbal op in fjild van 49 bij 68 meter.
De Efkes Ballers fan juster wiene oan de iene kant  Menno, Jesse, Remco B, Remco B, Klaas, Aant, Bertus en oan de oare kant Wouter, Ferrie, Theo, Harrie, Tjerk en Pieter.
De winnende wie fan Jesse.
Aant