WK weppers 30-6-2026
30 juni 2026Topklasse
Al wer in nije koprinner.
Jelte-Pieter sit al lange tiid yn de Topklasse en bekroand dat hjoed mei it earste plak.
Mar der komme wol in oantal fan ûnderen oan fleanen.
Tom Wijnia (better as syn heit), Bouma Keatsebaan (better as syn soan) en Eeltje komme út de KKN.
De eardere koprinners FC Weghorst en Grietzen Broersma lykje op wei te gean nei in legere klasse
KKN (Klasse krekt net)
Rick, Sven-Jorn-Sipke Vellenga en Rick komme der oan sa te sjen
KoiF (Klasse op it finketou)
Eeltje yn de topklasse, dêr wol Eeltsje ek hinne. Hij sit op it finketou foar in hegere klasse
KGM (Klasse Grize Middenmoat)
RoMel United wol dúdlik út de grize middenmoat wei.
Juster tochten wij noch dat Hiemteam de twadde fase net ynfuld hie, mar dat is net wier.
Sij hellen de earste wedstriden gjin punten mar komme no izersterk werom mei 150 punten op ien jûn.
Se sakje noch wol mar dat is fêst tydlik
KNBN
Yn dizze klasse is Boom United de man, mei 18 plakjes omheech
KKNM
Wat in gepieter hjir. Pieter Bouma en Pieter Kamstra yn dizze klasse
Beem United, bekend fan de reade lantearne yn de begjinfase, is der klear foar om noch in kalsse omheech
Hupaké melle opwei nei nûmer42, want dan is hij syn heit foarbij
KG ( Klasse Greideklanken)
Roomblanke Jorrit Stap is ek oankommen yn de Klasse Greidklanken.
Hij skoart dizze fase net, dus giet de fal noch wol efkes troch.
FC Leiden soene wij feroarje kinne yn FC Lijden
Sacked in the morning hâldt it langer fol as Koeman.
Noch ien dei dan sil Kees ek bij de ûnderste 5 stean is ûntslach net te mijen.
Idsert hat snein ek efkes útsliept of trochsliept, hij stiet no 70 ste mar de poedelpriis sit der net yn
Dy liket no wer te gean nei Timothy (Tim), mar it ferskil mei in Ozzy en de Poedelpriispakker en Forza SDS (in wepmaster) is net sa grut.
Op nû 71 stiet Bulder, mar dy hie snein yn Waaksens ek in mine ferbining wierskynlik of hij hie te folle keallerij miskien
De hakbile
De hakbile leit foar de tredde fase op 4 juli 19.00
Sjoch hjir ûnder wannear en hoe gau al , jim wer yn aksje moatte
Der binne no helaas al 5 dy’t de twadde fase mist ha……
Se kinne fansels wol wer foar de tredde en folgjende fases mei dwaan.
Poedelpriis
Foar de dúdlikheid, de poedelpriis wurdt allinne beskikber steld oan de ûnderste fan de list dy’t alle fases meidocht
Oare klasseminten
Wij witte dat sommigen yn meardere subpoules sitte mei dit spultsje
Sa lit Wietse van der Wal ús witte dat hij yn Ferwert yn de subpoule mei syn maten boppe-oan stiet.
Dat hii bij ús op plak 25 stiet, seit iets oer dat nivo en ús nivo
Grietzen Broersma stie boppeoan yn de SDS WK-League. tafallich witte wy dat hy yn it Antonius Sikenhûs ek mei docht.
Wy binne benijd hoe heech hy dêr stiet.
Oefenje?
Jesse van der Weide is mei Janieke yn Noorwegen en hat in moai plak fûn foar SDS 1 om ris te oefenjen.


De ballenjongens moatte al swimme kinne……
De Treffer
De lêste Treffer fan it seizoen leit by de drukker en as alles wat mei sit dan dit wykein by jim op de matte.

Harsens derby (2394)
It sil je mar gebeure……..
El mejor video que vi de Paraguay Alemania 😂😂🤣🤣 pic.twitter.com/XGf8KxSak4
— Soledad Gimenez (@gisoleok) June 30, 2026










