WK weppers 29-6-2026
29 juni 2026Wedstryd 2,3,4 fase 2
Wij ha der wer trije wedstriden opsitten.
Justerjûn en fannacht koene wij wer trije wedstriden folge.
It levere wer (ferrassende) útslagen op en foar sommigen ek in hiel soad punten
Topklasse
In nije koprinner! Grietzen Boersma.
Hij slûpte sa stikemwei al wat nei boppen en nimt it oer mei mar leafst 210 punten yn dizze fase.
De famylje Tolsma-Dijkstra hawwe like folle punten mar hawwe net alles gelyk ynfuld.
FC Kruisband meldt him ek wer yn de Topklasse
KKN (Klasse krekt net)
Mei stip op 11 stiet Minne Bouma fan de Keatsebaan.
Hij docht it aardich better as Pieter, syn soan dy’t krekt de KGM ynkommen is
KoiF (Klasse op it finketou)
Rick, Sven Jorn Sipke en Luuk 07 binne de grutste stigers yn dizze klasse
KGM (Klasse Grize Middenmoat)
Tsja, it Hiemteam 0 punten dizze fase, hawwe se wol op nij ynfuld?
Sa sakje je hurd..
Famylje Sikmaboyshawwe wol punten mar sakje ek fuort
KNBN
Jorrit Stap mei syn Roomblanke-Drogba die it earst wol aardich mar hat de deadline ek mist liket it wol.
Let op Boom United (Auke Boomsma ), hij hat yn dizze twadde fase 242 punten en dat it meast fan allegear.
KKNM
Oranje boppe stiet boppe-oan yn dizze klasse en mear wol wij der mar net oer sizze
KG ( Klasse Greideklanken)
Wij sjogge Steven van der Pol ek wer yn de list, dy hat in dei as wat dêr hielendal ûnder stien.
Bulder stiet op 70, mar hat de twadde fase net ynfuld.
Dat makket neat mar de poedelpriis sit der no net mear yn.
Der wurdt no poedele yn Winsum mei Paranoid
De hakbile
De hakbile leit foar de tredde fase op 4 juli 19.00
Sjoch hjir ûnder wannear en hoe gau al , jim wer yn aksje moatte
Der binne no helaas al 6 dy’t de twadde fase mist ha……
Se kinne fansels wol wer foar de tredde en folgjende fases mei dwaan.
Poedelpriis
Foar de dúdlikheid, de poedelpriis wurdt allinne beskikber steld oan de ûnderste fan de list dy’t alle fases meidocht










