WK weppers 25-6-2026

WK weppers 24-6-2026
24 juni 2026
WK weppers 24-6-2026
24 juni 2026

Prizenjild

Der hawwe no sa’n 53 lju it dielnimmersjild betelle. Wy wachtsje noch efkes ôf as elkenien wat betelle hat foar ’t wy bekend meitsje wat de prizenpot wurdt.
Sjoch yn de spam as je it betelfersyk net fine kinne. Wy hawwe him fannemoarn nochris ferstjoerd.
En app oars efkes mei Aant of Willem.

Poedelpriis

Wy hawwe it der lang oer hân, mar binne der oer út. In moaiere poedelpriis as dit koenen wy net fine:

It sil ús foaral benije as sommige lju no ek better harren bêst dwaan gean yn de folgende ronde fan de SDS WK-League of júst net.

Tuskenstân 25-6

De treedde ronde is los. It betsjut ek dat de einstân fan de poules bekend wurde en dat levert punten op.
At de lannen op de goeie posysje stean, levert dat 25 punten op.
Der binne no trije poules klear (12 lannen) en dat hie dus 12 kear 25 punten opleverje kinnen.
FC Weghorst, ús koprinner hat dêr bijgelyks 250 punten skoard.

Topklasse

Wat top is bliuwt top., want FC Weghorst, Postmeister , Jelte Pieter en Haitsma 77 stiene al langer yn de top 10
Dat jildt net foar Bouma Keatsebaan Utd  en Barteljaap Balneger. sij berikke ús topklasse

KKN (Klasse krekt net)

Yn de KKN sjogge wij Grietzen Broersma stadichoan nei boppen slûpen en koene wij de klap heare fan de fal fan Marco R.

 

KoiF (Klasse op it finketou)

Yn de Koif stiet Tom Wijnia klear op nei de KKN te promovearjen. Hij hat in moaie sprong makke

KGM (Klasse Grize Middenmoat)

 

KNBN (Klasse Neat Bij Neat)

KKNM (Klasse Kin Noch Minder)

Kânsleas foar de top dat is in útspraak dy’t wij net oandoarre, mar it wurdt al tiid om te skoarren
Foar Frank Bervoets, Boom United en Aan de kant ik moet naar de Topklasse is der hoop om út dizze freeslike klasse wei te kommen

KG ( Klasse Greideklanken)

Yn dizze klasse klinke fleurige lûden. Mei it útsicht op dy prachtige lp  wolle je graach fierder sakje nei posysje 71, dy ’t noch altiten stevich yn hannen is bij de ûnsichtbere nû 71..
It liket der op hupaké melle op naar num no de pylken rjochtet op nr 71.

De Poedelpriispakker en Beem United dy binne net fuort teslaan út it ûnderein.

 

 

 

 

 

 

 

Harsens derby (2393)

Dy frije traap fan Portugal hienen wy alris earder sjoen. En hoe?