WK weppers 26-6-2026

WK weppers 25-6-2026
25 juni 2026
WK weppers 25-6-2026
25 juni 2026

Nei de Hollânske nacht binne wij der wer mei in nije tuskenstân en in nije koprinner.
Jelmer Posthumus dy’t him mei alle selsbetrouwen foar Postmeister neamd, skoot Jappie Weghorst fan it earste plak.
It is no ek dúdlik dat Jelte-Pieter ôfsjoen hat bij PetronelleTols.
LegendBrend, Grietzen en Gerbrand dy hawwe in stapke omheech dien en sitte no ek yn de Topklasse

Topklasse

KKN

Gjin lêst mear fan de krúsbân , dus sike Jesse van der Weide it paad omheech. Dat dogge it trio Sven_Jorn_Sipke ek  Sij slaan in pear klassen oer en stean moai yn it midden fan de KKN.
Eeltsje stiet op degradearen

KoiF

Ha, ha Eeltje stie op promovearen nei in hegere klasse.
Ek Skelte sjocht syn kâns en giet mar leafst 33 plakjes omheech
Bauke, Habtamu en Wietse van der Wal  dy sjogge mei eangst nei ûnderen.
Foar Wietse sil dat meifalle, hij is fan Wardy út Ferwert en dêr binne se wol wend oan it ûnderste plak

KGM

Sykje jim favoryt en moedigje se wat oan

KNBN

Foar Sjoed van Beem moatte wij oan de kant gean.
Hij flocht mei 14 plakjes omheech nei boppen

KKNM

It is moarn en noch altiten net ûntslein dy Kees Sandstra.
Hupaké melle op naar num……… Ja wêr hinne?  12 plakjes nei ûnderen!

KG ( Klasse Greideklanken)

De poedelpriis is bekend en de twa wepmasters, dy’t beide fol sitte fan de muzyk, litte harren gelyk ôfsakje.
Sa’n kânske op in elpee dêr gean se foar.
Ozzy tinkt dat de Greideklankern in hardrock elpee is en ek hij lit him moai ôfsakje

Mar dy iene, dy nûmer 71, ferdigent him mei alle krêft dy’t hij hat yn syn linker poat

 

Let op deadline

It is in ynteraktyf spul. De dielnimmers moatte sa no en dan yn skaje komme.

Let op de folgjende deadline is 28 juny 21.00 oere