WK Bootcamp!

Weppers sneon 17-7
17 juli 2010
Weppers snein 18-7
18 juli 2010


Freonen fan it Wommelser Kampioenskip,

Yn de jiersfergadering fan it WK-bestjoer waard der konkludeare dat it nivo fan it WK heger is as it foargeande jier. In trend wat wol elk jier werom komt is dat it nivo fan de spilers daalt nei mate de finale fan it WK tichterby komt.  Dit resultearjend dan ek yn in finale dy ’t in leger nivo hat as de earste WK-wedstriden.

It WK-bestjoer fielde harren ferantwurdlik om hjir wat yn te betekenjen, want ek wy as WK-beweging kinne net efter bliuwe yn de professionalisering fan de maatskappij.  Derom is der beslûten dat der op freed 6 augustus it earste “Wommelser Kampioenskip Bootcamp” organiseard  wurde sil. It programma sil der as folcht út sjen :

17.00 uur  Gearsammelje op de Terp(FIETS!)

17.05 uur  Fertrek rjochting trainingscomplex

17.30 uur  Ûntfangst op lokaasje

17.35 uur  Útgebreide warming-up foar synergie effect/teamgeest

18.00 uur  Generale partij

20.00 uur  Slot en weromreis

21.00 uur  In bierbeque oan it wetter  fan de Terp 44

24.00 uur  Sterke ferhalen en it wetternivo fan de Trekfeart  omheech bringe

Om yn oanmerking te kommen foar de seleksje fan it Bootcamp kinne de minsken harren opjaan troch in mailtsje te stjoeren nei wkbestjoer@hotmail.com, dit graach foar 1 augustus 2010!

De inisjele seleksje is as folcht:

1 Aant H. (“Laden”) 26 Jan Steen.
2 Akke Rixt S. 27 Jelle de J.
3 Anne Steen 28 Jelmer P.
4 Anne Tam. 29 Jelte de B.
5 Arjan P. 30 Jildert H.
6 Ate F. de B. 31 Kees A.
7 Ate Vellinga 32 Lolke H.
8 Bote S. 33 Mark P.
9 Bram von B. 34 Martin R.
10 Chiel H. 35 Pieter Greenfiets
11 Daan Boersma 36 Pieter K.
12 Durk D. 37 Ralph W.(“the Black Pearl”)
13 Durk Y. Sj. 38 Redmer S.
14 Eeltsje Sikke P. 39 Reinder H.
15 Erik H. 40 Rudy D.
16 Gearard P. 41 Sietse Kooi
17 Gerlof-Jan H.(“Servet”) 42 Sjoerd R.
18 Harm Strem. 43 Sjoerd von B.
19 Hendrik de J. 44 Sybren W.
20 Hendrik Eng. 45 Sytze H.
21 Henk P.(“Henkie Henkie”) 46 Teade J. de B.
22 Hjalmar R. 47 Willem W.
23 Jaap T. 48 Wytse L.
24 Jacob K(ah) 49  
25 Jacob von W. 50  

Minsken die tinke dat dit harren debút of rentree wêze kin meie harren úteraard ek opjaan!

Oan de hân fan it oantal opjeften sil der in ynlisbedrach berekkene wurde, mar der kin fan útgean wurde dat dit tusken de 10 en 15 euri lizze sil.
As ôfsluter wit it WK-bestjoer te melden dat it earste Bootcamp ek folop yn de oandacht is fan de media. Wat dit teweech bringe sil yn sportend Fryslân sil in grutte ferrassing wêze…….

Mei freonlike groetnis,

Alg. Stat. Dir. H.K. Engbrenghof.

en

Mr. Bac. Ing. Not. Stat. Dir. A.F. de Boer