Weppers sneon 17-7

SDS-VR – it begjin
15 juli 2010
WK Bootcamp!
18 juli 2010

Spiler fan it jier
De lêste jierren wie it gebrûklik om by SDS 1 in spiler fan it jier út te roppen. Foarich seizoen waard dat Jaap Toering. Dit jier is de útferkiezing der net fan kommen. De beker leit no by Marco Hoekstra thús.
 Wy hawwe dêrom mar besletten om fia de webside in útferkiezing te hâlden. Klik hjir om je stim út te bringen.
P.s. Der misse in stik of wat spilers fan SDS 1 yn de poll om ’t der net mear as 10 yn pasten.

Oefenje
Wy witte noch neat fan it oefenprogramma fan SDS 1, mar seagen al op Voetbalnoord dat sy op tiisdei 17 augustus yn Starum oefenje tsjin QVC 1.


Groetnis fan Dooitze
Ús striker Dooitze Nauta sit op it momint yn Noorwegen en treft it net hielendal mei it waar. It is kâld en reinich. Hy wurdt al in echte Hollander dy ’t it nea iens is mei it waar. Lokkich genôch hat hy syn laptop mei en hoeft dy fan de SDS-side neat te missen:
Bin noch oant 7 aug. fuort. Sitte yn Noorwegen, en it is 12 graden dus, it wurdt no wer drûch. Bin net sa fan dy waarmte, die mis ik echt net, mar ja, 12 is ek wer te kâld, en dy rein is ek neat.
Lit Stoffel mar witte, dat hy hjir fiskje moat, wol 15 kg’s makrelen en kabeljauwen en de ien nei de oare hellet hy hjir ut it wetter.
Geweren binne hjir ek te keap, kin hy mooi de beren, elanden ensa sjitte.
Ik mis bygelyks Harm yn de poll, alhoewol dy wat oan de luie kant is fansels. en ek Feite, dy hie it ek wol fertsjinne.
Kin der net 2 polls? Dan kin Anne Brouwer der ek wol by.
Ik ha op Feiko stimt, die giet yn myn eagen it serieust mei de sport om. Ek Tsjalling is wol goed bezig, mar ja dy giet fourt.

No de heu mar wer.
DN


Ingelske humor(2)
Wybren Jorritsma tipte ús oer in alderaardichst Ingelsk grapke:
Victoria’s Secrets launches a new bra named Holland, it has a lot of support, but no cup…………

Alvetalfoto
It is hast oan it begjin fan it seizoen dus it wurdt wer heech tiid foar de alvetalfoto’s. It sjurt moat fansels al efkes goed yn ‘e broek:
Bloot


It oare ferslach fan it WK fan 15 july 2010.

Jajuster is der wer in WK spile yn Wommels. Der wie in goeie opkomst. It wie drukkend waarm, al wie it moandei slimmer. Jim hewwe allegear it ferslach fan ofrune moandei mist. Der wie in reden foar. De skriuwer hie ferlern op in manier dat it sear die. De winnende goal wie in ofstandsskot fan JKH. Sa at der altiid en allinich mar skoort. Dit kear hie de skriuwer wun en dat levere in stikje op wat net rjocht die oan de wedstriid. Derom noch in poging.
Team Swart spile it fuotbal wer Arsenal en Barcelona nei de simmer wer op siek nei gean. Prachtig en snel combinatie fuotbal en by balferlies daliks druk op de bal. Team de Bonte Koe krieg gjin enkele utspiele kans, de counters waarden troch in goed defensief blok fan Team Swart unskeadelik makke. De wedstriid waard roeger en hurder. Mei nammen team Bonte Koe skopte en kopstoote der lustich op los. Dizze WK wedstriid lyke somtiiden te degraderen nei it nivo fan de Afrika Cup. Wat at dat sjoen het wit dat de wedstriiden der mear op K1 lyken dan op fuotbal. Howard Webb hy by dizze wedstriid fest wol in kaart lutsen. Misskien ek wol mear as 25. Team Swart spyle gegroeperd en snelle kombinaties brochten de spits, de sublieme Jaap Toering steeds faker fry foar de goal. DE reserve spits fan SDS. At je Jaap yn de spits dwaande sjuche kinne je eins moeilik begrype dat der by SDS op goal stiet.
De wedstriid wie nei in stroef begjin dudelik yn hannen fan Team Swart. Nei dat de cake fan de Bakker op wie waard der troch Team Swart fry makkelik utrun nei in stan fan 3-1. Dernei wie it goeie fan it spul fan Team Swart der efkes of. Op adem komme. Team Bonte Koe kwam opsetten mei in snelle en balfeste Martin, de coachende Mark en Willem de goalgetter. De foarset fan Bote waard fan rjochts net op waarde skotten en nimmen woe dizze ballen der yn (s)koppe. Nei noch wat kanskes en doelpogingen hie Team Swart der genoch fan. Team Bonte Koe wie rypt foar de slachtbank. De ienrjochtingstrjitte wie wer iepen. Mei halden en kearen bliuwn it by 4-1. Nei it einde fan de wedstriid waard der sels in spyler fan Team Bonte Koe opoffere om konstant yn it goal te lizzen. Ut mededogen waard de bal toen mar wat neist en oer skopt.
Nei in oere en kertier wiene de measten oan it ein fan harren Latijn. Sa as altiid waard der ropt om de winnende goal. Dat is in kermis. Docht en sil nei rjocht dwan oan de wedstriid. Der moat nei dit WK marris evalueert wurde hoe dat oar kin en moat. In oantal ideeen binne, noch in kertier, 2 goals ypf 1, of gewoan sizze, jongens jim hewwe wun, roke en nei hus. Neidat Erik in no look bal hjoech op Easterein waard it spul troch team Bonte Koe oanslingere. Op dit moment is de stan dus noch steeds 4 – 1. Neffens bepaalde minsken wie dat flattearje. Team Bonte Koe begon oan in counter neidat der op it middenfjild de bal fergriemt waard. Hja foenen noch in spyler en der stoen Martin fry die goed oannam en skoorde. Op de goal wie neat of te dingen. Goeie goal. Allinich it rjochtfaardighiedsgefoel wol je toch liuwe litte dat dit net hielendol yn it wedstriidbeeld paste.
Takom moandei is der in WK, we sille sjen hoe it dan giet.

It WK derop út?
De geruchten wurde hieltiten sterker dat de spilers fan it Wommelser Kampioenskip spesjaal foar de WK-finale op moandei 9 augustus op trainingskamp sille. Wy hoopje der moarn mear oer melde te kinnen.

Harsens derby (252)
Yn Nederlân waard hiel útgebreid stilstien by it 2e plak wat Nederlân helle hat op it WK-fuotbal yn Súd-Afrika. Wat ús oangiet fiersten te gek, mar as de Dútsers dan ek noch útgebreid feestfieren geane by in 3e plak dan is der wol iets goed mis: