Winterwoartelweppers

Seal: SDS A1 groepswinner, mar …….
28 december 2014
Nijjierstoernoai E- en D-pupillen
29 december 2014

Winterwoartelnijs

Simmers hawwe wij it oer komkommernijs at it nijs der net echt is. Winters dan skriuwe wij dus winterwoartelnijs.

Oefenje foar OFK
De 2 teams dy ’t nije wike meidwaan sille oan it Iepen Frysk Kampioenskip Sealfuotbal (OFK) yn Frjentsjer sille moandeitejûn efkes tsjinelkoar oefenje yn de sporthal yn Easterein. Sy gean om 20.00 los.

Goeie sjalen
Wij meie dan wol op syk wêze nei de “ferkearde” sjalen, wij kinne best wol efkes oandacht freegje foar de SDS sjaal. Yn
dit oersicht litte in oantal SDS-ers de SDS sjaal op in prominent plak sjen. Wij ferwachtsje sels dat seker ien fan de lifters dy’t op ien jannewaris op reis gean nei Milaan de SDS sjaal om hat en dêr moaie plaatsjes mei makke ûnderweis en/of mei in Milanees.

Aldjiersbalje
It tradisjonele âldjiersfuotbaljen yn ‘e sporthal fan Easterein begjint âldjiersdei wer om 14.00 oere en duorret oant 15.30 oere. Je moatte in kertier fan te foaren oanwêzich wêze om de ploegen yn te dielen. Eltsenien is fan herte wolkom om op dizze wize it âldjier út te fuotbaljen. Oant âldjiersdei yn ‘e sporthal fan Easterein! 

Haat


Dizze wike wie Chelsea op besite bij WestHam United. John Terry dy’t oant syn 14de bij WestHam syn oplieding hân hat en furore makket bij de jildklup Chelsea wurdt net echt tajuichd at je dizze foto goed sjogge. Wat in fingers…wat in haat fan jong en âld fan langhier oant keal. Bah.

Dy Marco

Fan dy geweldige seleksje fan it EK 1988 kamen allegear snusterijen op de merke sa as kopkes. Ien fan dy kopkes docht noch altyd tsjinst foar de útwrongen teepûdsjes tidens it wepperjen. Sjoen bij ien fan de wepmasters.

Peppi & Kokki
“Hé, Stef, ik ben tien en ben dus in tiener. Jij bent negen, dus dan ben jij een …………neger……”

Harsens derby (1400)
Och, wat sneu.