Winterwoartelweppers (2)

Sealtoernoai D- en E-pupillen
29 december 2014
SDS-kryst en âld-en nij-puzzel
30 december 2014

Oefene foar OFK
De fjildfuotballers fan SDS 1 hawwwe juster efkes oefene tsjin de âld-sealfuotballers fan SDS. Beide ploegen meie nije wike los op it OFK yn Frjentsjer. De oefenwedstryd gie lyk op oan ’t 3-3, mar úteinlik wisten de fjildfuotballers yn de lêste minút dochs noch te winnen mei 5-3.
Foar SDS 1 fjild dienen mei: Jaap, Skelte, Teun, Wiebe, Jelmer en Hendrik en foar SDS 1 (âld) seal Frans Stap, Feite, Harm, Peter, Robert en Willem. Jan-Simon wie mei fakansje en Tsjipke wie siik.

Efkes balje yn de seal
De Efkes Ballers sille jûn ek efkes los yn de seal yn Easterein. Sy fuotbalje fanôf 20.00. Allegear efkes in eurootsje meinimme.

Aldjiersbalje
It tradisjonele âldjiersfuotbaljen yn ‘e sporthal fan Easterein begjint âldjiersdei wer om 14.00 oere en duorret oant 15.30 oere. Je moatte in kertier fan te foaren oanwêzich wêze om de ploegen yn te dielen. Eltsenien is fan herte wolkom om op dizze wize it âldjier út te fuotbaljen. Oant âldjiersdei yn ‘e sporthal fan Easterein!


Dooitze
Kommende sneon is de striker fan SDS, Dooitze Nauta, der nei ôfrin fan de snertrin om stramme spieren wer los te striken. Wy witte net as hy dit der ek by docht:


Efkes skrikken
De iene wepmaster hat fakansje en de oare wepmaster is drok oan it wurk. Wol efkes skrikken doe ’t hy thús kaam út it wurk en plots yn it AD stean seach dat Michel van Egmond by him thús foar de boekenkast lein hat…….


Louietje
Louis van Gaal wie wol aardich op de tried yn 2014 en liet fan him heare.
Hjir kinne jim syn favorite útspraak fan 2014 útsykje. En dat is sa makkelijk noch net.

Harsens derby(1401)
Wy binne benijd as de Efkes Ballers jûn dit foarelkoar krije kinne. De iene wepmaster sjocht it fansels op syn wurk as it net hielendal slagge is: