Fan Easterein nei boer Pyt (2)

Willemleaze wepperkes
30 augustus 2004
Tjeerd seit tsjin Ype
31 augustus 2004

SDS 4 wie dit jier útnoege foar in toernooi op Skylge. Mei krekt 13 man waard de reis oanfongen wylst grinsrjochter Klaas Overal kwartiermakker en Boukje en Hannie supporter wiene.

Fyts útsykje
Fanôf de boat kaam foar sommige de earste teloarstelling. De tassen waarden yn de auto nei it sportfjild brocht mar de spilers moasten op de fyts. Dat wie ôfsjen dy 7 kilometer mei mar ien lekke bân fan Jaap B,

De kantine
Nei in heal oere fen waard de earste opdracht folbrocht. De kantine fan Sc Terschelling wie fûn. Tafallich leine de fjilden der ek.

Bekomme
Nei twa wedstriden tsjin fêstewâlploegen stie it der goed foar. Mulier waard ferslein mei 2-0 troch doelpunten fan Tjeerd D. en Ype T. en Heerenveen waard ek mei 2-0 oan de kant setten. Doelpunten fan Ype T. en Durk K. Dizze lêste wie gastspiler en wie selekteard op syn gefoel foar sfear. Ek Oebele A en Robert H binne dúdlik te herkennen nei dizze ynspannende bezigheid.

Sukses
It sukses nei twa wedstriden krige gjin ferfolch. Om der seker fan te wêzen dat der takem jier wer in útnoeging yn de bus rollet, waard ferlern (0-3) fan de Skylger ploech en gelyk spile tsjin de oare.(1-1) It doelpunt , (neffens Ype in skot yn de krusing ,mar hy syn linsen der net yn)  fan Oebele Anema, dy’t it sels in yntikkerke neamde. Lykwols syn earste doelpunt by SDS. en dúdlik wie te sjen fan wa’t Skelte dat talint hat.

Weromsjen
Nei dizze 4 wedstriden waard er earst weromsjoen, foardat dat mooglik letter yn it gedrang komme soe of omdat der herinnering letter minder is by âldere minsken.
Doelman Jaap Boekholt die it wer geweldich. Hy fertsjinnet punten foar ús. Robert Hoekstra, Durk Klynsma en Oebele Anema wiene nij yn dit fermidden. By Durk syn optreden past mar ien fraach: werom hâldt sa’n ien op te fuotbaljen.? Fan Robert kin sein wurde: Bliid datst wer fuotballest. It gie prima. Oer Oebele kinne wy koart wêze: hy pikte syn minuten goed mei en makke in wichtich doelpunt.  

Priisútrikking
Mei 7 punten waard in prachtich tredde plakje helle, fansels krekt ûnder de twa gasthearen.
Foar de brûs en barbekjoe noch efkes op de foto, makke troch Baukje Overal.

Lucht en luchtbêden
Nei in noflike sit moast de slieptinte ynrjochte wurde. Gelokkich hiene de measten noch wol wat lucht foar it opblazen. De wiene ek guon ta it uterste gien en sy moasten helpmiddels brûke.


De tinte
Der wie romte genôch yn de tinte foar dizze 13 minsken. Der sliepten lykwols mar 12. Fedette Eddy de Boer sliepte yn it bokkehok. Hy moast syn rêst wol ha om sneins ek wer goed yn foarm te wêzen.

Thúsfront
Oan it ein fan de dei kamen de mobyltsjes allegear út de tas. Efkes kontakt sykje mei thús. Sa melde Ype grutsk oan Elly dat hy noch neat kwyt wie, koe Eddy oan Pep fertelle dat se him noch net pleage hiene en belle Rienk efkes nei in kollega bestjoerder om te hearen hoe’t SDS spile hie.

De nacht
Oer de nacht is net folle te fertellen. Der waard hjir en dêr noch wat gelegenheiden besocht. It die bliken dat kroegen yn 30 jier net fan namme feroare wiene. De Stoep, Wyb, de Skotse 4, it Spyntsje, de Dammesaan it wie krekt of wie it boufak 1970.
Nei ôfrin wie noch net sa maklik om it paad werom te finen. Mar gelokkich stie dêr in âld froutsje en doe’t dy frege waard wêr’t boer Pyt wenne, wiisde se dy kant út sûnder wat te sizzen. It wie hast ljocht.

Wekker wurde
Fuotballers binne echt moarnminsken dat die mar wer bliken. Sûnder wekker stiene se allegear foar 9 oere al wer foar de tinte. Skeare (net allegear), toskpoetse (net allegear) hierkamme (net allegear) en nei it húske (allegear). Dêrnei wie der in ontbyt en wat is der no lekkerder dan in broadsje tonyn sa moarn betiid.

Opromje
neidat de mage wer ûntdekt hie dat de mûle him net ophongen hie, waard de tinte opromme. Alles wer yn de tas en dat wie it. Foar sommigen wie dat maklik. Dy hoechden it luchtbêd allinne mar yn de kontainer te smiten, omdat fan in luchtbêd fan 2.99 by  Lidl net mear ferwachtsje kinne. Gelokkich dat de tasjochhâlder seach dat Ype syn linsen der noch net ynhie want syn poging om dat ding yn de glêskontainer te krijen waard no foarkommen.

De skea
Doe’t de tassen ynpakt wiene moast fêststeld wurde dat er dochs in twatal jassen fuortwiene. Ype skille mar net nei Elly dat it syn jas wie en HIndrik wie fanôf dat momint wol slim ûnrêstich. Eddy de Boer hie it net dien, sa sei hy, dus moasten se wol earne wêze yn ien fan de gelegenheden. Dat wie dus pech, want dy giene let iepen op dy dei. Derom bleaunen der in pear efter op it eilân op op jassejacht te gean. It wie moai waar, dat trof, sadat al gau besletten waard om nei it strân te gean. It wie dêr net drok haw ik begrepen mar der wiene wol wat Amsterdammers. Dêr koene se it goed mei fine en gelokkich doe’t de jassen werom wiene koene se rêstich de lêste boat nimme. Ek dêr wiene dy Amsterdammers wer. Sa waard it dochs noch gesellich.

Ta beslut
It wie in tige slagge wykein dat treflik troch Jakob organiseard wie. Jacob, it wie grutte klasse.
Moarn of woansdei sille wy noch in pear sfearfoto’s der opsette.