Willem Agema ferstoarn

SDS manlju op OFK
9 januari 2019
Wykein weppers
12 januari 2019

Willem Agema

Op 81 jierrige leeftyd is op 6 jannewaris Willem Agema fan Mantgum ferstoarn.

Willem Agema(berne yn Lytsewierrum)  hat yn de begjinjierren fan de klup altyd fuotballe bij SDS.  Hij wie doelman.

Oant in pear jier lyn wie hij noch altyd in trou besiker fan de wedstriden fan SDS 1. Hij kaam dy lêste jierren meast mei syn eigen stoel lâns en socht in plak op yn it skaad.

Hij hat ús jierrenlyn noch in oantal foto’s oanrikt dy’t wij graach noch efkes sjen litte as oantinken oan de sympatike freon fan SDS.

Ut namme fan SDS winskje wij de famylje sterkte mei dit ferlies.

SDS yn 1955 mei Willem Agema as doelman

Willem Agema, stylfol yn aksje tsjin VVI yn 1959