Wa moat de nije bondscoach wurde?
9 juli 2004Simmerwepperkes
11 juli 2004It is de tiid fan kransen winne. Yn Wommels en Easterein ( en miskien ek wol yn Hinnaard en Lollum) wurde hiele muorren opsierd mei tal fan kransen.
In protte priiswinners hawwe wat mei SDS. Dêrom is it goed om efkes yn de gaten te hâlden by hokker SDS lid de measte kransen oan de muorre hingje. It makket net út at dat SDS lid de krans wûn hat of in yn dat hûs wenjet famyljelid. Elkenien docht mei.
Foarbyld: by de famylje Wijnia op de Walperterwei hinget ien krâns. Dat Willem dy net wûn hat, mar Richt wol is logysk. Ien krâns is net genôch foar it tuskenklassemint, dus sil Richt der noch wol wat oan dwaan moatte. (Willem mei fansels ek)
Op ús speurtocht troch Wommels, kamen wy al in twa hûzen mei 8 kransen tsjin. Sadat wy dy mar it earste plakje jûn. Hawwe. Wy ferwachtsje fan jim foto’s mei kransen der op sadat wy in top 6 meitsje kinne.
Nr 1:
De muorre fan de famylje Haitsma yn Wommels.
Oantal kransen: 8 (9 july)
Mooglike dieders: Jacob Klaas en Erik
Nr 2
De “muorre”fan de famylje Strikwerda yn Wommels.
Oantal kransen: 8 (9 july)
Mooglike dieders: Redmar en Jort
nr 3
Hjir hie in foto stean kind fan de famylje de Boer yn de Súdhoeke.
Oantal kransen: 6 ( 9 july)
Mooglike dieders: Douwe en syn suske
Reden fan it feit dat er gjin foto is: in hûn