Weppers woansdei 9-9-2020

Allegear in SDS-bidon!
6 september 2020
SDS-dropaksje
11 september 2020

SDS VR1 jûn net los…

SDS Vr.1 VR1 soe jûn op besite yn Ljouwert foar de útstelde bekerwedstriid tsjin LAC Frisia VR1. Dizze froulju soenen mei nei Ljouwert:
Annemiek, Alissa, Elske, Femke, Froukje, Gerry Edou, Hester, Jildou, Kirsten, Marit, Marjo, Marrit, Petra en Seriette.
By LAC Frisia binne allinnich wat froulju net fit sadat de wedstriid net trochgean kin. De SDS-froulju sille no traine.

SDS seal

Om 8 oere, mar dan ûnderdak yn de sporthal yn Easterein begjint SDS 1 oan de sealkompetysje. VWC is de tsjinstanner.

Lytse poppe

Richtsje Strikwerda fan SDS Vr.1 hat freed 28 augustus in lytse poppe krigen. Lytse Marije, mem Richtsje en heit Wiebe meitsje it goed. Wy winskje harren in soad lok ta en wolle hjirby ek de SDS’ers Bote en Seriette lokwinskje mei harren omke en muoikesizzer. Wy sille Marije fêst gau oan de kant fan it fjild sjen by Vr.1 of SDS 3.

Hânbal?
It skynt dat hânbal in prima sport is om it frijrinnen en ferdigenjen goed te learen.. Anne Stenekes liet de jongste jeugd  dus efkes hânbalje

Makkum 1 – SDS 1

Kommende sneon moat SDS 1  de lêste bekerwedstriid spylje yn Makkum tsjin Makkum 1. It is it beslissende potsje yn dizze poule. Makkum stiet op basis fan it doelsaldo boppe-oan en dat betsjut dat sij genôch ha oan in gelykspul. Mei oare wurden SDS 1 moat dêr winne foar in ferfolch.

SDS-bidons

De prachtige SDS-bidon is fansels net allinnich foar alle fuotballers fan SDS, mar ek foar de ferieningsskiedsrjochters.

SDS-er keatst yn Amsterdam

Yn it Parool in nijsgjirrich artikel oer it keatsen yn Amsterdam. Tiisdeis komme dêr in hânfol keatsers út Amsterdam bijelkoar om de Fryske sport ek dêr yn eare te hâlden. Ien fan harren komt ús wol bekend foar. Sjoch hjir.

Kantine iepen

Tongersdeitejûn is de kantine wer iepen. Fansels wol mei bekende Corona-rigels, lykas net mei de tafels en stuollen skowe en net mear as 35 man yn de kantine. Sjen as Stefan de frikandellen in bytsje oardel meter útelkoar hâlde kin.

Harsens derby (2250)

Ho…