Weppers woansdei 9-3

Weppers tiisdei 8-3
7 maart 2016
Weppers tongersdei 10-3
9 maart 2016

Programma
Under
dizze link kinne jim it programma fan sneon sjen. Yn tsjinstelling tot earder is der in wiziging oanbrocht. SDS A1 moat tsjin sc Terschelling A1 en dy jonges wolle graach op tiid mei de boat werom. Dêrom begjinne de A’s al om 10.15 en komme de C’s pas om 12 oere yn aksje.

VR1
Jûn spylje se sij yn Boalsert tsjin sc Bolsward VR2. It begjint om 20.00 oere.

Ynhelje
SDS 2 – Lions 2 gie ôfrûne sneon net troch. De wedstryd is troch de KNVB op ‘e nij fêststeld op tiisdei 12 april om 18.45 oere.

Omroppe
Enne Jehannes Bruinsma is op fakansje yn Eastenryk en kin sneon net omroppe by SDS 1 – NOK 1. Ek Sjoerd en Aant kinne net. Wa soe it sneon wat lykje om as omropper te fungeren? Mail nei info@vv-sds.nl.

SDS-look-a-likes
De nije Treffer komt der wer oan, dus wy kinne wol wer wat SDS-look-a-likes brûke. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl!
Eardere SDS-Look-a-likes kinne jim hjir fine.

Harsens derby (1685)
Ho!!!






Letter mear!