Fuotbal op freed
26 maart 2026Sneon 28-3-2026
27 maart 2026Sleat 1 – SDS 1 (14.30)
SDS 1 pakt “de drege searje “werop mei in útwedstriid tsjin Sleat 1.
Thús wie it 2-0 mei doelpunten fan Lourens en Ate.
Seleksje:
Mark
Jorrit
Niels
Remco
Gerwin
Tim
Jelte-Pieter
Wiebren
Robin
Gerbrand
Matthijs
Pieter S
Daniel
Pieter B
Ate
Jelmer
Auke
SDS 3 – Makkum 4
In ferskil fan 8 punten yn it foardiel fan Makkum 4, mar SDS 3 hat 3 wedstriden minder spile.
Seleksje: sa’n 11 à 12 man.
SDS 4 – Sneek Wit Zwart 5
Op basis fan de ranglist soene je op de toto in 1 delsette. Sûnder nei te tinken..
De Snitsers wachtsje nei 11 wedstriden noch altiten op harren earste punt.
SDS 4 hat 11 punten.
Seleksje: Sven, Dennis, Mark, Robert, Jan-Simon, Ronny, Jentsje, Jildert van der W, Willem, Tjitse, Wout, Hendrik, Jelle, Elger en Jildert H..
Utspylje
De wedstriid SDS 1 – Delfstrahuizen 1 wurdt útspile op sneon 4 april om 14.30 oere. De tuskenstân is 0-0.
SDS look-a-like
Foar de nije Treffer bine wy noch op syk nei SDS-look-a-likes.
Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Eva Jinek of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto.
It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd.
Mail jim SDS-Look-a-like nei willem@vv-sds.nl!
Harsens derby (2374)
Rekke en strekke is hiel wichtich…….
This iconic Maguire video never gets old 😭 pic.twitter.com/d7iTc7bMZp
— Dirty Footballer 👊 (@DirtyFootbaIIer) March 26, 2026


