Weppers woansdei 9-2-2022

Sneon 5-2-2022
4 februari 2022
SDS-League: Nei 2 kear tellen pakt ‘BarbEeltje’ de wykpriis!
10 februari 2022

G.n.t.

De wedstriid Scharnegoutum 1 – SDS 1 foar sneon is ôflast y.f.m. Korona by de tsjinstanner.

G.n.t. (2)

De wedstriid SDS 5 – Scharnegoutum 4 foar sneon is ek ôflast. Dit y.f.m. Korona by SDS 5.

JO8-1 op de foto

Ofrûne sneon is SDS JO8-1 op de foto kommen. Is it net in plaatsje?

Boven links nei rjochts: Harmen Joustra, Syan Bults, Redmar de Boer, Sido Greidanus.
Under links nei rjochts: Sven Sijbesma, Evert-Jelle de Jong, Hylke Tuinstra, Joutsen van Ruiten.

Oefenje?

SDS 2 is foar kommende sneon 12 febrewaris noch op syk nei in oefentsjinstanner. Der kin om 14.30 oere yn Easterein oefene wurde. Nim kontakt op mei de technyske man Jaap Toering: 06-10695193.

SDS-League

De measte teams binne ynfierd yn de kompjoeter. No de punten fan de fuotballers noch ynfiere en de punten dy’t sy al hienen der ôf lûke en dan moat moarn de nijste stân wol klear wêze tochten wy sa.

Frij

De lieders hawwe der de ôfrûne wykein alles oan dien om fuotbalje te kinnen en dat hawwe sy super rêdden. No meie sy efkes bekomme, want SDS 4 hoeft pas 5 maart wer te baljen.

Harsens derby (2348)

Ho…

Letter miskien wol mear!