SDS-League: Nei 2 kear tellen pakt ‘BarbEeltje’ de wykpriis!

Weppers woansdei 9-2-2022
9 februari 2022
Weppers freed 10-2-2022
11 februari 2022

Alle teams binne ynfierd en de punten ferwurke, dus wy kinne los mei de twadde helte fan de SDS-League. Der dogge 62 teams mei en dat is hielendal net sa gek as je neigean dat wy mekoar hast net sjoen hawwe en hast alles digitaal gien is. Fan de teams dy ’t ynlevere binne krigen wy mar leafst sa ’n 90% binne fia Whats-app of mail.

De earste wykpriis giet net sa as earder sein nei ‘Happy Feet’ fan Emke & Habtamu de Hoop en ‘Brekken Boys’ fan Okke van der Kamp, mar nei ‘BarbEeltje’ Postma. Koach Eeltje blike sneon op it lêste momint noch in wiksel trochfierd te hawwen wêrtroch dy 61 punten pakt en dat binne krekt 3 punten mear as dy oare twa…

De Hendriken de Jong en Engbrenghof begjinne beide net gek mei ‘Henkie Heisenberg’ en ‘Toastje Kip-Kerrie’ op in dield 5e plakje mei 55 punten. Je soenen hast tinke dat sy itselde team hawwe, mar úteinlik hawwe sy mar 4 deselde spilers.

Stefan van der Velde begjint mei ‘Moast in bal foArjan’ net gek oan de twadde helte fan de SDS-League. De earste helte noch poedelpriiswinner en no begjint hy as dield 12e.

Mei winteroankeapen witte je nea hoe ’t it komt. Oant no ta liket it net folle op te leverjen. Sawol ‘Allegear nijkommers’ fan Aant Hofstra as ’10 wintertransfers’ fan Anouk en Johan Delfsma probearje it mei in team mei allinnich mar winteroankeapen. Allinnich in nije keeper wie net te finen. Fertúten docht it noch net. Sy begjinne as 60e en 62e.

 

SDS League 2021-2022 stand twadde helte wike 1