Weppers woansdei 9-10

Weppers tiisdei 8-10
7 oktober 2013
Weppers tongersdei 10-10
10 oktober 2013

A1
Bij A1 hat de KNVB of de tsjinstanner alle wiken wol in ferrassing. De iene kear kinne wij g.n.t. bij skriuwe en de oare kear giet der wer in ploech út de kompetysje. Sa as no: Oudehaske is der út.

Unyk
Wij tinke dat it unyk is dat je op ien middei in doelpunt skoare yn Makkum en Stiens. It oerkaam Sytse Hibma sneon. Earst op paad mei SDS 2 nei Stiens en doe de greide yn foar SDS 3 yn Makkum.

10 kear
Twa topskoarders hawwe wij no binnen de klup yn dit seizoen. Wa’t dat binne kinne sjen ûnder it kopke senioren.

Programma
It programma mei de skiedsrjochters foar kommende sneon sjocht der
sa út. De skiedsrjochters moatte noch efkes goed nei it listje sjen, want der binne wat dinkjes feroare.

SDS League
Moarn kinne jim hjir wer de nije stân fan de SDS League fine.

Alderaardichst

Neffens Koeman kinne op it fjild fan ADO de sprútsjes der sa yn……..

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
Meastentiids wurdt der sealfuotballe op woansdeitejûn troch SDS 1. Jûn net. Sy moatte freed tsjin Blauw-Wit. No ja, dat soe…… De wedstryd is ôflast.

Harsens derby(1129)
Spitich genôch gjin sealfuotbaljen dizze wike foar SDS 1. Wy hienen harren nij ynstudearde frije traap wol sjen wollen.