Weppers tongersdei 10-10

Weppers woansdei 9-10
8 oktober 2013
Weppers freed 11-10
10 oktober 2013

Broer-Wiebe de Ringh stapt op by SDS 2
Nei Gert-Jan Verbeek is Broer-Wiebe de Ringh de twadde trainer yn Nederlân dy ’t nei goeie resultaten mei syn klup stoppet as trainer. Wol is der ien grut ferskil. Gert-Jan Verbeek moast stopje fan AZ en Broer-Wiebe moast stopje fan himsels.
Dit mailde hy de spilers fan SDS 2:
Drokte, feroaringen op ’t wurk, de unregelmatige tsjinsten fan myn frou en 3 bern falt neat mear te kombinearjen mei it trainen jaan oan jimme.
Undanks dat ik ’t nei myn sin haw mei jimme en de resultaten ek best gènoch binne, kin ik my net mear foar de 100% ynsette en soe ik tefolle ôfwêzich wêze de kommende moannen.
Ik kom sneon noch wol by de wedstryd om jimme de hân te jaen en te betankjen.
Groetnis,
Broer-Wiebe
De seleksje fan SDS 2 begrypt de beslissing fan Broer-Wiebe hielendal, mar muoit it tige dat hy der mei stopje moat. De gearwurking wie prima en hy wist de measte spilers op in goeie manier te reitsjen mei in kopposysje oan ’t no ta as rissultaat.
It bestjoer fan SDS is op de hichte en der sil neitocht wurde oer in oplossing. Sneon mei SDS 2 thús tsjin Hardegaryp 2 en is dêrnei 2 wykeinen efterelkoar frij.

Programma
It programma mei de skiedsrjochters foar kommende sneon sjocht der
sa út. De skiedsrjochters moatte noch efkes goed nei it listje sjen, want der binne wat dinkjes feroare.

SDS League
Moarn kinne jim hjir wer de nije stân fan de SDS League fine.

Foto’s
Henk Bootsma hat ôfrûne sneon by SDS 1- SC Bolsward 1 wer alderaardichste
plaatsjes sjitten.

Alderaardichst
Fellaini
It nije Manchester United mei Fellaini yn de spits

Harsens derby(1130)
Wat ús oanbelanget stiet Ronaldinho folgend jier ek op it WK:

d228ea9c-91cd-48a8-b2f0-5861a9e40e17.gif