Weppers woansdei 8-6-2021

Pinksterweppers
6 juni 2022
SDS 2 ûnderút tsjin Knickerbockers
10 juni 2022

Neikompetysje SDS 2

It skema foar SDS 2 foar de neikompetysje sjocht der sa út. Sneon nei Knickerbockers 5 yn Grins en as sy dat winne meie sy tiisdei út nei Stiens 2 of Zuidhorn 2. De finale is op sneon 18 juny op neutraal terrein. Mocht it safier komme dan soenen wy foarstelle om it yn Wommels op de Terp te hâlden……… Foar it matinee…….

Toetje

Sa ’n neikompetsje is dochs altiten wer in alderaardichst toetje nei in lang seizoen. SDS probearet foar sneon in bus te regeljen nei Grins om it toetje noch better smeitsje te litten.

Traine

SDS 1 is klear mei trainen, mar SDS 2 set noch efkes troch no ’t sy neikompetysje hawwe. Sy hawwe justerjûn traind en dogge dat moarntejûn wer.

Neikompetysje

De nije trainer fan SDS 1, Remco Bervoets, hat noch neikompetysje helle. Net mei vv Scharnegoutum, mar mei sf Deinum. Sy meie sneon te fuotbaljen nei Siddeburen.

RABO-Clubsupport

Yn septimber kin der wer stimd wurde op SDS by Rabo-Clubsupport foar in pannakoai!