Pinksterweppers

Sneon 4-6-2022
4 juni 2022
Weppers woansdei 8-6-2021
8 juni 2022

SDS 2 pakt de 3e Perioade

SDS 2 en Workum 2 ferlearen sneon beide en om ONT 2 lykspile pakte ONT 2 de 3e Perioade. No hienen de ONT’ers der gjin rekken mei hâlden dat sy 10e waarden en sy fuotbalje moatte om yn de Reserve 2e-Klasse te bliuwen. En dan ferfalt de Perioade. Dat betsjut dat SDS 2 de 3e Perioade pakt en sneon om 12.15 oere yn Grins fuotbalje mei tsjin de Knickerbockers.

Ofskie

Ofrûne sneon waard ôfskie nommen fan trainer Douwe Posthuma en assistint-trainer Robert Hoekstra. Sy krigen fan it SDS-bestjoer in blomke. Kommende sneon hat SDS 1 noch in ôfslútfeestje.


44 punten

SDS 1 eindige dit seizoen netsjes as 5e mei mar leafst 44 punten. Safolle punten hat SDS net earder helle sûnt SDS sûnt 2013-2014 yn de 3e-Klasse fuotballet. Yn it seizoen 19/20 hie SDS 31 punten nei 17 wedstriden, mar waard de kompetysje stillein.

Kampioen

Tjerk van der Pol is ea ek kampioen wurden By vv Heeg yn de C-junioaren. Hy stiet noch op de kampioensfoto yn de kantine fan Heeg en is de 5e fan links steande.

Nûmer 115

Hendrik de Jong makke sneon syn 115e goal foar SDS 1 út by Heeg en eindige dit seizoen dochs knap mei 6 goals yn de kompetysje. Peter Hoogerwerf waard topskoarder fan SDS mei 9 goals.

Tikkie werom

Lourens van der Pol wie der sneon 100% wis fan dat hy skore soe en dat die hy ek. Mei in loeistrakke kopbal yn de boppe-hoeke soarge hy foar in prachtige goal. Spitich genôch al yn de eigen goal. Om ’t Bert de Boer syn lêste wedstriid foar Heeg spile is de goal mar op syn namme kaam.

Harsens derby (2379)

Au…

Letter miskien wol mear!