Weppers woansdei 7-6

Woansdei trainers-lieders-gearkomst mei û.o. Geert-Arend Roorda fan de VTON!
6 juni 2017
Foarljochting VTON
7 juni 2017

Sjurts en sa ynleverje!

Jûn is de lieders-trainersgearkomst. Dat betsjut dat ek de materialen ynlevere wurde kinne by Klaas de Haan. Graach alle ballen, sjurts, pionnen en sa ynleverje sadat Klaas sjen kin hoefolle wy eins fan alles hawwe en as der ek wat nijs komme moat.

Habtamu de Hoop nei SDS!

Ek Habtamu de Hoop hat him defintyf oerskriuwe litten fan ONS nei SDS. Wolkom werom! Hjir binne wy tige wiis mei!

Afbeeldingsresultaat voor habtamu de hoop

WK yn Wommels

Kommende tongersdei giet it Wommelser Kampioenskip wer los. Dit simmerske twawyklijkse evenemint sil wer plakfine op it skopfjild yn Wommels. De finale sil tradisjoniel wer plakfine op de moandeis foar de Freule op de Terp.

Afbeeldingsresultaat voor WK Wommels

De WeromsjenTreffer

Ein fan de moanne komt de lêste Treffer fan it seizoen út. De jierlijkse WeromsjenTreffer. It soe moai wêze as wy fan elk team in seizoensferslach krije. Kom mar op! Maile mei nei DeTreffer@vv-sds.nl.

Lokwinske!

It is al twa dagen feest by SDS 2. Juster waard Feite de Haan 40 jier en hjoed fiert Tjeerd de Vries syn jierdei! Beide fan herte lokwinske!

Harsens derby (1898)

De fideoskeid brûke om te sjen as it wol in penalty is en dan in reade kaart krije…………..