Foarljochting VTON

Weppers woansdei 7-6
7 juni 2017
Weppers freed 9-6-2017
9 juni 2017

Woansdeitejûn wie der in foarljochtingsjûn foar trainers en koaches fan SDS jeugdteams. Geert- Arend Roorda (earder proffuotballer) liet sjen hoe’t de trainingsapp fan VTON wurket en liet op it fjild ek noch efkes sjen hoe’t je hiel maklik in fjildtsje útsette kinne dat foar allerhande oefeningen geskikt is.

It doel fan dizze trainingsapp is dat er gerichte oefeningen dien wurde kinne dy’t passe bij de leeftyd fan de bern en dy’t er foar soargje dat it algemiene nivo omheech fan SDS omheech giet, dat de wille der bliuwt bij de bern en dat in training makliker oerdraachber is.

Foar (takomstige) trainers is dit in noflik helpmiddel om sa te foarkommen dat je sels op de sneup moatte op ynternet foar in oefening.

De app wurdt fanôf septimber ynfierd bij in oantal jeugd teams fan SDS.