Weppers woansdei 6-4

Weppers tiisdei 5-4
4 april 2016
SDS DA Fizel aksje!
6 april 2016

Needgjalp foar fluitsjen
Foar kommende sneon steane der 7 grutte fjildwedstriden op it program wêrbij eigen skeidsrjochters ynsetten wurde moatte. Dat bart net faak. It is lestich en dêrom dizze oprop: wa wol sneon de wedstriid fan SDS MC1 om 11.10 fluitsje of de wedstriid fan SDS C3 om 12.45?
Please, asjeblyf, a.u.b. nim kontakt op mei Tjerk van der Pol.

Lytse poppe
Ald-SDS’er Anne Stenekes en Trefferredaksjelid Metsje Huitema hawwe ferline wike in lytse poppe krigen. Nei Jorrit en Tymen hawwe sy op ‘e nij in jonkje krigen. Syn namme is Idzert. Fan herte lokwinske!

Ferslach SDS 1 – Delfstrahuizen 1
Op de webside fan Delfstrahuizen 1 fûnen wy noch in útwreidich ferslach fan de wedstryd tsjin SDS 1 fan ôfrûne sneon (klik hjir).

Wietse nei Nijlân?
VV Nijland hat der alles oan dien om Wietse Fopma nei Nijlân te heljen. Hy krige sels al in trainingsjas. Al mei al is it net slagge om him binnen te heljen. As jim goed sjogge dan hat hy yn de hân it kontrakt wat hy mei syn heit hat…….. “Der is mar ien klup yn Fryslân, en dat is SDS”!

Berlikum 1 – SDS 1
Om alles te witten fan de wedstriid fan sneon kinne je
hjir sjen.

Ynhelje
Nije wike tiisdei mei der foar it earst wer op jûn in kompetysjewedstryd fuotballe wurde. SDS 2 spilet dan om 18.45 oere thús tsjin Lions 2.

Tongersdeitejûn sealfuotbaljûn?
De sealfuotballers fan SDS meie moarntejûn wer los. Sy fuotbalje om 19.00 oere út yn Ljouwert tsjin Blauw-Wit 16.

Harsens derby (1700)
En fuort is der……………..