Weppers woansdei 6-2

Weppers tiisdei 5-2
4 februari 2008
Johan Derksen by SDS
7 februari 2008

SDS 3
Dy soene tongersdei oefenje tsjin Oeverzwaluwen 2, mar dit is in wike ferskood.

Oefene
SDS 2 hat juster aardich úthelle yn de oefenwedstryd tsjin DTD. SDS 2 wûn mei 7-2. Fan Tsjalling Sikma krigen wy de doelpuntenmakkers:
DTD-SDS 2-7
0-1 Sybren Wesselius
0-2 Dennis Dijkstra
0-3 Tsjalling Sikma
RUST
1-3
2-3
2-4 Dirk de Jong
2-5 Tsjalling Sikma
2-6 Feite de Haan
2-7 Feite de Haan
Fan Hylke krigen wy dit ferslach:
DTD kwam met een mix van het eerste en het tweede. SDS 2 won met 2-7.
Door met af en toe goed voetbal was SDS de terechte winnaar.
Hylke

Om 12.30!!
SDS 5 spilet sneon net om 14.30 thús tsjin Waterpoort Boys, mar om 12.30. Net ferjitte dus!

Oefenje
SDS 1 oefent sneon om 14.30 thús tsjin Bolswardia 1. SDS 2 oefent om 12.00 yn Easterein en spylje dan tsjin ……… Bolswardia 2.

Spitich
Spitich genôch moatte wy melde dat Marco Hoekstra nei dit seizoen ophâldt as trainer fan SDS A1. Hy hat it tot syn eigen spyt te drok mei syn wurk om it mei it trainer wêzen kombinere te kinnen.

Klaverjasse
Sa’t it no stiet wurdt der sneon klaverjast om it kampioenskip fan SDS. Yn ferbân mei de kompetysjewedstriden is de oanfang yn pleats fan 15.00 oere fêststeld op 15.30 oere. Sa kinne we de earste helte fan it fuotbal sjen en dêrnei sels yn it spier om lúkse fleisprizen. De kampioen giet ek noch mei in krease wikselpriis nei hûs.
De activiteitenkommisje

Drok
It sil jûn drok wurde op de sponserjûn fan SDS. Der wurde sa ’n 160(!!) man ferwachte. Miskien smyt it noch wat op foar SDS.

Johan Derksen
Jûn komt Johan Derksen as sprekker op de sponserjûn. Foar de sponsers dy ’t him noch net sa goed kinne je hjir in webside fine wêr ’t syn karriëre beskreaun stiet(klik hjir). Johan Derksen hat sels in fanklup(klik hjir).

De11fanUs
De earste reaksjes binne al binnen. Wij kinne no al sizze dat er twa amateurklupkenners sitte bij SDS. Oebele Anema en Erik Haitsma hawwe oan it sneupen west enwij moatte ta jaan, se hawwe it goed dien.  Wij hope dat er noch mear kenners sitte bij SDS. Mail ús de klups wêr’t it om giet at jim dizze
11 printsjes sjogge. Mail kinne nei sds-nijs@home.nl.

Frije traap!
Dy frije traap fan juster hjir op de webside wie net gek, mar persoanlik fine wy dizze noch moaier. Let mei nammen op de herhaling: