Tongersdei oefenwedstriid: SDS 1 – Foarút 1 om 20.15 oere
30 april 2026Sneon 2-5-2026
1 mei 2026Oefene
SDS 1 hat justerjûn tsjin Foarút 1 oefene.
SDS wûn mei 3-0. Dizze stân stie mei de rêst al op it skoreboerd.
Kees Sandstra fuotballe foar it earst wer nei in blessure en makke de 1-0.
Gerbrand makke de 2-0 en Jelte-Pieter de 3-0.
Boaz Dijkstra fan de JO17-1 makke syn debút by SDS 1 yn de spits.
Trainer Douwe Posthuma liet witte tige tefreden te wêzen oer de oefenpot.
Ate, Matthijs en Robin krigen rêst en dienen net mei.
Ek net ien jeugdwedstriid…….
Yn Easterein soe sneon ien jeugdwedstriid wêze. SDS JO14-1 soe om 10.00 oere thús tsjin Urk JO14-3, mar beide ploegen hawwe net genôch spilers.
SDS JO15-1 soe dan al noch balje moatte út by Burgum JO15-2. Mar wy krije krekt troch dat dat ek net troch giet…..
NOK 4 – SDS 3
SDS 3 stiet 9e en NOK 4 10e. Dy twa sille dus aardich oan elkoar weage wêze.
De seleksje:
Is ûnderweis (nei de webmaster wolteferstean).
TOP’63 2 – SDS 4
TOP’63 stiet yn de top 3 en SDS 4 yn de top 3 fan ûnder. Mei in jonge en frisse seleksje fan SDS 4 dizze sneon rekkenje wy der op dat foaral it publyk de grutte winner wurdt.
Dizze mannen fertrekke om 11.00 oere út Easterein.
Seleksje:
Jelte
Anne
Jentsje
Frank
Ronny
Klaas
Willem
Jildert H.
Jan Stenekes
Tjitse
Evan
Sjirk
Zoran
Jens
Wa binne der net?
Somtiden is it net makkelijk om 11 fuotballers byelkoar te krijen. Foaral yn dizze fakansje- en knyntsjedagentiid.
By SDS 4 binne der 8 spilers ferhindere en der wienen nochris 9 oare spilers dy’t it sneon net past of blesseard binne.
Dan binne der noch 9 spilers net meirekkene dy’t op fakansje binne.
Al mei al wienen der dus sa ’n 40 fuotballers nedich om ien seleksje byelkoar te krijen. 😇
Spyldagenkalinder
De nije KNVB-spyldagenkalinder Noord foar it seizoen 2026-2027 is út. Jim kinne him hjir besjen.
Wat opfalt is dat de bekerwedstriden foar SDS 1 begjinne op sneon 29 augustus en dat de 3 bekerwedstriden yn ien wike balle wurde.
Oftewol op sneon 29 augustus, tiisdei 1 septimber en sneon 5 septimber.
De kompetysje kin dan los op sneon 12 spetimber.
Harsens derby (2383)
Huh!
What the f*ck have I just watched 😭😂 pic.twitter.com/inbDDpIUxD
— Dirty Footballer 👊 (@DirtyFootbaIIer) March 29, 2026


