Johan Derksen by SDS

Weppers woansdei 6-2
5 februari 2008
Weppers tongersdei 7-2
7 februari 2008

Justerjûn wie Johan Derksen sprekker op de sponserjûn fan SDS. In man as 175 lústeren oandachtich nei syn opmerklike ferhalen. Hjirûnder inkele opmerklike útspraken:

* Guus Hiddink wurdt earder trainer fan SC Heerenveen as bondscoach.

* It is net wichtich wat Johan Derksen yn de VI hawwe wol, mar wat de lêzers yn de VI hawwe wolle. “Als de lezer een bloemkool op de cover wil, dan zetten wij er een bloemkool op……..”

* Foar de media is it funest dat al dy fuotballers tsjintwurdich mediatraining krije. “De voetballers van tegenwoordig hebben niks te vertellen. De mediatraining zorgt ervoor dat ze wel geluid maken, maar ze zeggen niets”.

* Willem van Hanegem moat net folle fan kollektes hawwe. Doe ’t sy in kear by him oan de doar kamen om in bydrage te freegjen foar it swimbad joech hy………2 amers wetter…….

* De ynterviews fan tsjintwurdich wurde skreaun troch in journalist wêrnei sy earst noch wer lêzen wurde moatte troch de fuotballer/trainer en syn manager foardat it publiseard wurde mei. “Het ergst zijn die schoolmeesters zoals Van Gaal, want dan worden de spelfouten ook nog met rood aangevinkt”.

* Yn it ferline waard der ek yn it fuotbal in soad doping slikt. Op in piltsje mear of minder waard net sjoen. Dit gie net altiten hielendal goed. Sa ride Wiel Coerver ea nei Dútslân om wat hormoonpiltsjes op te heljen foar 4 jeugdspilers. Mei krachttraining sjitte it net echt op om fan dizze jonges keardels te meitsjen, dus moasten der oare maatregelen nommen wurde. Doe ’t Wiel Coerver nei trije moanne nei de training de jonges opsocht yn de klaaikeamer stienen de jonges al ûnder de douche. “Ze hadden nog altijd iele bovenarmpjes, maar wel zóóóóó’n leuter”.


* Soe Johan Derksen 4 gasten útnoadigje meie by Voetbal Insite(fraagje fan Jan Stenekes) dan soe hy útkieze: Co Adriaanse, Louis van Gaal, Marco van Basten en ………… Jan Stenekes. “Maar dan moet je wel je pet afzetten”.

* Oer de Hiltrupp-affaire op it WK fan 1974 soe Johan Cruijff tsjin Johan Derksen sein hawwe:
“Er is niets gebeurd daar. Wij hadden wat gedronken en op een gegeven moment hebben we onze trainingspakken uitgetrokken en zijn in het zwembad gesprongen. Enkele meiden sprongen plots topless ook in het water en dat wat alles. Als ik zie wat voor trammelant ik er van gehad heb had ik ze net zo goed kunnen n………”




Ype Tiemersma jout namens de sponserkommisje Johan Derksen in SDS-sjaal en in pakketsje. Wy binne benijd as hy it snein drage sil by Voetbal Insite.

De foto’s binne fan Henk Bootsma.

Letter mear!