Weppers tiisdei 5-2

Weppers moandei 4-2
3 februari 2008
Weppers woansdei 6-2
5 februari 2008

Kaarte
Kommende sneon stiet op it programma it kampioenskip klaverjassen fan SDS. In echte striid om in moaie beker hawwe wij begrepen. No’t er in 
kompetysjeprogramma is en oefenwedstirden binne wij benijd hoe’t it komt. It begjint oars om 15.00 oere.

SDS 1 hellet yn
Net kommende sneon mar op sneon 16 febrewaris wurdt de wedstryd SDS 1 – Trynwâldster Boys 1 spile.

Op voetbalzone stie dit berjocht

En wij mar tinke dat de transferperioade foarbij wie. Of jildt dat net foar hast 40tigers.

Futsal sjen
At je net fan Derksen hâlde, of je binne net freon of sponser dan kinne je woansdeitejûn altyd noch efkes nei de sporthal. SDS spilet om 20.30 oere tsjin de Herauten.

Oefene
Wy binne benijd wat SDS 2 fannejûn dien hat tsjin DTD. Mail it nei ús!

Ut it digitale archyf fan de LC
Enne Bruinsma hat eke feks oan it sneupen west yn it digitale archyf fan de LC. 16 juny 1959 in beslissingswedstryd tsjin Oudega om it kampieoenskip twadde klasse. SDS promofearde mar de beursen wiene wol fuort. En om in yndruk te jaan wat doe noch mear nijs wie, hawwe wij ek twa oare berjochten der bij pleatst.


Frije traap
Foarige wike seagen jim hjir de Donkey-kick. Hjir in fariant op dy frije traap.