Weppers woansdei 6-12-2017

SDS VR1 ferlieze topper
5 december 2017
SDS-League: ‘FC Boekelaar’ noch oan de top!
7 december 2017

Seal

Pas jûn om in oere as 11 witte wij hoe’t SDS 1 seal spile hat tsjin Haskerland 3. want it begjint dêr op  ‘e Jouwer om 10 oere.

SDS 1 nei Top 63

Sneon moat SDS 1 fuotbalje yn Toppenhuzen. TOP ’63  (mei 9 punten) is de tsjinstanner fan SDS dat 12 punten hat. De wedstriid begjint om 14.30 oere. De klups  hawwe earder twa kear tsjin oerlelkoar stien yn Toppenhuzen en wat dat oplevere dat kinne jim hjir sjen.

Wiete fuotten by Heerenveense Boys

SDS 1 moast ôfrûne sneon op keunstgers fuotbalje by Heerenveense Boys. Yn de LC fan juster kinne jim lêze wêrom.

Ut in âlde Treffer


De B- seleksje fan 1990-1991 noch efkes yn byld, mei in protte bekende nammen.
Der binne sels noch in oantal aktyf.

Nije Treffer

Sjogge jim ek sa út nei de Kryst-Treffer? Wy yn elts gefal wol! Yn de nije Treffer sil ek wer in ôflevering te lêzen wêze fan ‘Habtamu’s petear’!

WK 2018-poster

Wy hawwe net folle mei it WK fuotbal yn Ruslân, al meie wy de nije WK-poster wol lije mei de beste keeper ea, Lev Yashin.

Afbeeldingsresultaten voor wk 2018 poster

Harsens derby (1958)

Sa dogge je dat!