Weppers woansdei 31-5-2022

Sneon 9.00 oere op de foto foar SDS-jubileumplaatsjesboek
31 mei 2022
Weppers freed 3-6-2022
3 juni 2022

Slotdei jeugd

Kommende sneon is de slotdei foar de jeugd fan SDS.
It begjint om 9.30 oere en is rûn 12.30 oere dien.

SDS-spullen sneon ynleverje tusken 10.00 en 11.00 oere

Trainers en lieders dy ’t SDS-materialen hawwe lykas ballen, wettersekken, SDS-sjurts en broekjes, hesjes, pionnen, trainingspakken ensfh. kinne dit sneon ynleverje tusken 10.00 en 11.00 oere by it ballenhok by Klaas de Haan.

SDS Vr.1 pakt punt

SDS vr.1 hat ôfrûne sneon knap in punt pakt tsjin Frisia Vr.1. Yn Ljouwert waard it 3-3. Sneon is de lêste wedstriid fan it seizoen foar Vr.1 thús tsjin sc Berlikum Vr.1.

Alderlêste wedstriid foar Vr.1……

It is foarearst ek de alderlêste wedstriid fan SDS Vr.1 op sneon. Der bliuwe foar folgend net genôch spylsters oer om sneons 11 tsjin 11 te baljen. Guon spylsters stopje en guon geane by oare ferienigingen baljen. De trainers Johan Wittermans en Richard de Greef wurde no folgend seizoen trainers by sc Bolsward Vr.1 wat krekt promofeard is nei de 3e-Klasse. Inkelde spylsters fan SDS Vr.1 sille mei nei Boalsert.
Wy hoopje tige dat wy guon spylsters werom sjogge yn it SDS sjurt inkelde keren per jier mei 7 tsjin 7 op freedtejûn.

Nûmer 114

Wy bliuwe de statistiken mar oanpassen no ’t Hendrik de Jong sneon alwer syn 114e goal makke hat foar SDS 1. Dit hie sneon de 115e wêze kinnen, mar dat waard him krekt net.

Strijder

Ald-SDS’er Job Tichelman is tsjintwurdich filmmakker en net ûnfertsjinstlijk. Ynkoarten komt syn nije film út. Neffens ús de muoite wurdich om efkes te sjen:

Keapje in seizoenkaart fan sc Heerenveen en stypje SDS!

Elkenien wol no fansels wol in seizoenkaart fan sc Heerenveen hawwe. Mochten je ien oanskaffe wolle of je seizoenkaart ferlinge sjoch dan hjir efkes dan kinne je SDS ek noch stypje.

Harsens derby (2377)

Ho!