Weppers freed 3-6-2022

Weppers woansdei 31-5-2022
1 juni 2022
Slotdei jeugd SDS
4 juni 2022

SDS-spullen sneon ynleverje tusken 10.00 en 11.00 oere

Trainers en lieders dy ’t SDS-materialen hawwe lykas ballen, wettersekken, SDS-sjurts en broekjes, hesjes, pionnen, trainingspakken ensfh. kinne dit sneon ynleverje tusken 10.00 en 11.00 oere by it ballenhok by Klaas de Haan.

SDS 1 noch foar in perioade?

SDS 1 hat noch alle kans op de lêste perioade! As Workum 1 namelijk ferliest fan Heerenveense Boys 1 dan hoeft SDS mar mei 24 goals ferskil fan Heeg 1 te winnen…..

SDS Vr.1 – sc Berlikum Vr.1

It giet sneon om “it burd fan de keizer”, foar beiden neat mear te ferleizen en neat mear te winnen. No ja, 3 punten  foar SDS VR1 soe moai wêze dan kin it fjildfuotbal op sneon fan de froulju foarearst goed ôfsluten wurde.
Om 14.30 oer yn Easterein, de lêste wedstriid fan it seizoen op ús eigen sportpark.

Heeg 1 – SDS 1

De trainer fan SDS Douwe Posthuma wol altyd winne ek al is der net folle mear te winnen. Wij koene krektlyn de sucht fan ferlichting fan Heeg 1 heare, dat se ek takem jier wer tredde klasser binne. Fraach is dan ek no’t it moatten ûnder spanning fuort is, it wollen der noch wol is …..
De seleksje: Jaap, Wierd, Remco, Jelte-Pieter, Gerwin, Gerbrand, Matthijs, Pieter, Teun, Steven, Peter, Stan, Lourens, en Hendrik.

Drachtster Boys 4 – SDS 2

Drachtster Boys 4 hat oan in puntsje genôch om kampioen te wurden. SDS 2 hat in oerwinning nedich om noch in kâns te meitsjen op in perioade. Hoe komt it dêr yn Drachten? Om 14.30 oere begjinne se dêr.
De seleksje: Anco, Wesley, Sjoerd de B, Bauke, Eeltsje, Jort, Jurjen, Kevin, Robin, Sietse, Sjoerd de V, Tjitse, Tom en Jeffrey.
Op de webside fan ONT wurdt nochris goed útelin hoe as it no mei dy perioade sit (sjoch hjir).

De lêste foto’s

Henk Bootsma hat al hiel wat plaatsjes sjitten foar it SDS-jubileumplaatsjesboek. By de jeugd moat allinnich de JO8-1 noch op de foto en der binne in pear spilers dy ’t noch net op de foto kommen binne.
Henk Bootsma komt sneon om 9.00 oere op it sportpark om dizze lêsten op de foto te setten:
– De JO8-1
– Mika de Jong
– Dorian Tacoma
– Catoo Feenstra
– Jens Veenstra
– Pytrik Ynema
– Tim van Hiel
– Bartele Bouma
– Anco Bervoets
– Sjoerd de Boer
– Wesley van de Wint

Keatsen

It keatsseizoen is ek wer los. Moarn steane der sels in pear SDS’ers te keatsen op it NK yn Frjentsjer. Jente Schraa, Wessel Schraa en Mark Klijnsma keatse foar Wommels.

Harsens derby (2378)

Ho!

 

Letter mear!

 

 

 

 

 

Letter mear!