Weppers woansdei 30-5-2018

Snein pannatoernoai yn Wommels
29 mei 2018
SDS/Nijland JO 15-3 op de platte karre
31 mei 2018

Trainers-leidersgearkomst

Tongersdei om 20.00 oere is der in jeugdtrainers-leidersgearkomst. It is de bedoeling dat alle leiders en trainers de ballen, wettersekken en sjurts dizze jûn ek ynleverje. Dit is de ienige mooglikheid.

SDS JO 15-1

Justerjûn wie de lêste wedstriid fan it seizoen tsjin kampioen Blauw Wit JO 15-4. It waar wie wat driigjend, mar it gie troch. De kampioen wûn mei 0-8

SDS 4 – Heerenveense Boys staakt nei in heal oere

SDS 4 hat justerjûn ek efkes balle yun Easterein.  Heerenveense Boys 5 wie de tsjinstanner. SDS 4 begie knap en kaam mei 2-0 foar. Tuskentroch waard de wedstriid al in pear kear stillein y.f.m. flinke tongerbuien. Nei in heal oere waard de wedstriid úteinlik staakt. Der wurdt no sjoen wannear de wedstriid fierder spile wurde kin.

Stân fan saken

De measte teams binne útspile en alles liket wol spile. Dat jildt net foar SDS MO13-1. Sij moatte noch 3 trije wedstriden en kinne sels noch kampioen wurde.  Sjoch hjir foar alle (ein) stannen

Teun

Teun Heeres fuotballe dit jier bij SKV Wageningen en hij waard gelyk kampioen mei it twadde en dat waard grut fierd.

Op de foto

De SDS JO17-2 hat in dreech seizoen hân, mar slúte it seizoen prima ôf mei in 6-1 oerwinning op sc Bolsward. Dat levere úteinlik noch in krease teamfoto op.

SDS WK-League

At alles goed giet kinne jim moarn it dielname formulier ynfulle om mei te dwaan oan de SDS WK league 2018.  Foar 5,00 euro kinne jim meidwaan. Der is in maksimum fan 50 dielnimmers dus wachtsje net oan it lêst ta….. want fol is fol.

Harsens derby (2029)

Dat gie mar krekt goed…………