Weppers woansdei 30-3-2022

SDS 1 – Oeverzwaluwen 1 yn byld
28 maart 2022
Weppers tongersdei 31-3-2022
31 maart 2022

Gjin mikstoernoai…

It mikstoernoai giet moarntejûn net troch y.f.m. de waarsfoarsizzingen. Der wurdt no wol traind al is it noch ôfwachtsjen as dit wol trochgean kin.

Wêrom in mikstoernoai op tongersdeitejûn?

Der wienen wat fragen oer wêrom as der in mikstoernoai organiseard wurdt op tongersdeitejûn. Hjir it idee:
– de druk fan de tsjettel
– de jeugd kennismeitsje litte mei it senioarenfuotbal
– de senioaren kennismeitsje litte mei de jeugd
– de senioaren meielkoar yn oanrekking komme litte sa ’t lju ek makkelijker mei oare teams meigean te fuotbaljen
– mei syn allen nei de tiid ien keapje
– lekker balje en sa eins toch traine
– WILLE!
Wy sille no sjen nei in oare datum foar it mikstoernoai. 💪🏻

ING-aksje

De SDS-Minileague kin wol wer wat nije hesjes brûke, dus mar moai dat ING in spesjale aksje hat. By de SDS-Minileague witte sy dan wol wat sy dwaan moatte. Is it net in plaatsje?

Pupil fan de wike

Je kinne nei de tiid mei in spiler op de foto, mar it is noch leuker om mei  5 haadrolspilers op de foto. Oanfierders, assistint grisnrjochters en de skiedsrjochter. Sven Hallema wie sneon de gelokkige.

SDS seal

Jûn om 21.00 oere spilet SDS seal tsjin FFS 1. Plak fan barren: de sporthal yn Easterein.

Trainers-liedersgearkomst

Op tongersdei 7 april om 19.30 oere is der in trainers-liedersgearkomst foar alle jeugdtrainers en -lieders.

Stimme

Us eardere jeugdfoarsitter Rudy Dijkstra en no sponser fan SDS kin de ûndernimmerspriis fan Ljouwert winne. Jim kinne hjir op him stimme.

Foar €10,- nei sc Heerenveen – Fc Groningen

Wolsto op snein 10 april ek foar 10 euries nei sc Heerenveen – Fc Groningen? Dan moast dit efkes lêze.

Workum 1 – SDS 1

SDS 1 mei sneon nei koprinner Workum ta te baljen. Dat wurdt in drege dobber mei sjoen dat Workum thús dizze kompetysje noch net ien goal tsjin krigen hat. De wedstriid begjint om 15.00 oere.

Ynhelje yn 3A

Justerjûn is yn de tredde klasse A in ynhelwedstriid spile. Makkum 1 is net te stuitsjen op dit momint. Sij winne fan Heeg 1 mei 0-3.

Foar yn de aginda

Harsens derby (2363)

Ho!