Weppers tongersdei 31-3-2022

Weppers woansdei 30-3-2022
30 maart 2022
Weppers freed 1 april 2022
1 april 2022

Gjin mikstoernoai en gjin trainen…

It mikstoernoai gie jûn al net troch y.f.m. de waarsfoarsizzingen en no binne alle trainingen ek definityf ôfblaasd. Der is jûn dus neat op it sportpark útsein snie.

SDS 1 seal wint

De sealfuotballers fan SDS 1 mochten juster om 21.00 oere thús balje tsjin de manlju fan Fuotbal Feriening Stobbegat oftewol FFS út Vegelinsoord. Dat it in sportive wedstriid wurde soe wie fan it begjin ôf dúdlik. By de earste de bêste twifelêftige bal oer de sydline sei ien fan de spilers fan FFS dat hy him as lêste rekke hie. Sa heart it.
Miskien krije wy noch wol in wiidweidich ferslach, mar it waard úteinlik 5-2 foar SDS troch goals fan Douwe-Jan (2x), Steven, Mark, en Tjitse. Dizze opstekker koenen de mannen wol wer efkes brûke.

Lokwinske!

Ald-spiler, -trainer, -leider, en wat net allegear mear en no wosker fan de fuotbalklean fan SDS 1, Jan de Jong is hjoed jierdei. Fan herte lokwinske!

Lokwinske!

Ek Erik Haitsma is hjoed jierdei, ûndanks dat hy net in sprút âlder wurdt. Noch mar in hiel soad jonge jierren tawinske! En spareribs!

Feroaringen

De KNVB wol ien en oar wer oanpasse oan de amateurfuotbal. Dizze man hjirûnder wol it jim wol efkes útlizze: