Weppers tongersdei 31-3

Weppers woansdei 30-3
29 maart 2016
Seleksjes sneon 2-4
31 maart 2016

Kantine
Fannejûn wurdt it wer in noflike jûn yn de kantine. Dit kear gjin fuotbal op it grutte skerm, mar Jan Stenekes wit der fêst in noflike jûn fan te meitsjen. Spitich dat it no jûns minder lang ljocht is, want dan komme Jan syn kearskes wat minder út de ferve. Rekkenje der mar op dat hy it goed makket mei in knap stikje muzyk.

SDS 3 en 4 traine
SDS 3 en 4 sille jûn ek wer traine. Sy begjinne om 20.15 oere.


Alwer frij……

SDS 2 treft it net. Sy binne sneon op ‘e nij frij om ’t Leeuwarder Zwaluwen 4 al in skoft út de kompetysje is. SDS 2 kin him no dan ek folledich tariede op de derby fan nije wike út tsjin Waterpoort Boys 2.

Himelfearttoernoai
By Waterpoort Boys organiseare sy op Himelfeartsdei ek in 7 tsjin 7-toernoai. Sy kinne noch wol in ploegje brûke. Wa ’t in ploegje regele hat kin kontakt opnimme mei de wepmaster sûnder burd of âld-SDS’er Robbert


35+/45+-KNVB-toernoai
Ek de KNVB organisearet wer in 7 tsjin 7-toernoai foar 35+ en 45+. De ynskriuwing is
hjir wer begûn. It sil dit kear plak fine op freed 20 maaie en de finales binne op sneon 11 juny yn Zeist.

Kwiske
Op de webside hawwe sy
in alderaardichst kwiske oer bynammen fan fuotballers.

Lokwinske!
Erik Haitsma is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Erik wurdt lokwinske troch syn hiele ploech!
(foto; Henk Bootsma)

Wurk ek lid fan GEKE!
As je no lid wurde fan enersjykoöperaasje GEKE dan stypje net allinnich SDS en de natoer, mar krije je ek noch de hiele moanne april 30% koarting op LED-lampen by de ACR yn Winsum. Sjoch hjir en meld je oan.

Harsens derby (1695)
Hoe dreech kin it wêze?