Weppers woansdei 30-1-2019

Weppers tiisdei 29-1-2019
28 januari 2019
Weppers freed 1-2-2019
1 februari 2019

SDS 1 oefene tsjin QVC 1

SDS 1 hat justerjûn oefene tsjin 4de klasser QVC. SDS wûn mei 3-1. De doelpunten fan SDS waarden makke troch Frank Bervoets, Steven van der Pol en Marco Rijpkema. Foar Frank en Steven wienen dit harren earste goal yn SDS 1. Trainer Douwe Posthuma seach posityf werom op de wedstriid; ‘mar ien kans fuortjûn en trije goals makke’. Lourens en Erik foelen beide mei in blessure út. Sneon spilet SDS foar de kompetysje út tsjin Minnertsga 1.

SDS 1 – QVC 1 yn 2004-2005

Yn 2004-2005 siet SDS yn de twadde klasse en waard doe kampioen. Ek QVC siet doe noch yn de twadde klasse en sij wûnen thús fan SDS en sij ferlearen doe út fan SDS. Alle wedstriden fan dat seizoen kinne jim hjir besjen

SDS seal

SDS seal spilet jûn om 21.00 oere thús tsjin Oeverzwaluwen 1.

Oefenje

SDS JO17-1 en JO17-2 sille sneon sawol tsjin as meielkoar oefenje. De wedstriid begjint om 9.00 oere.

Harsens derby (2098)

Dizze beste jonge kin mar better in toutsje tusken syn fuotten spanne litte. 😉

 

 

 

 

Letter miskien mear!