Weppers freed 1-2-2019

Weppers woansdei 30-1-2019
30 januari 2019
Sneon 2-2-2019
2 februari 2019

SDS Vr.1 – Sint Annaparochie Vr.2

De froulju meie moarn wer los en spylje om 14.30 oere thús tsjin Sint Annaparochie Vr.2. Hjir it programma en de seleksje:
Sneon 13.30 bestjoerskeamer
Coach: Akke Rixt en Tarina
Flagger: Bauke
Seleksje: Marjo, Alissa, Hester, Janieke, Sieta, Sietske, Kirsten, Jeska, Femke, Elske, Marije, Seriette, Marrit en Esther.

Minnertsga 1 – SDS 1

Wy geane der fanút dat SDS 1 moarn foar it earst wer in kompetysjewedstriid spylje mei yn 2019. Sy meie moarn om 14.30 út tsjin Minnertsga 1. Dit is it programma foar moarn en de seleksje:
12.30 oanwêzich
12.45 bespreking
13.00 fertrek
1 Jaap, 2 Remco, 3 Jacob-Klaas, 4 Marco©, 5 Gerwin, 6 Ewout, 7 Frank, 8 Pieter, 9 Lourens, 10 Jelmer, 11 Matthijs, 12 Bauke, 13 Wiebe, 14 Erik, 15 Steven en 16 Habtamu.

SDS op it OFK 45+

Moarntejûn is it OFK sealfuotbal foar 45+ yn de Trije yn Frjentsjer. SDS is ek fan de partij mei de folgende seleksje:
Frans Stap, Anco Elgersma, Ids Boersma, Remco Bervoets, Klaas van der Weg, Jacob-Jan Oostra, Tjeerd Dijkstra en Theo Postma. Sy fertrekke om 18.30 oere en sy moatte om 19.30 oere los. SDS sit yn in poule mei Burgum, Mulier, Zeerobben en GAVC. De earste twa yn de poule geane troch nei de kwartfinales.

SDS 2 – ONT 2 (oefen)

SDS 2 sil moarn om 12.30 oere oefenje tsjin ONT 2. De folgende spilers wurde om 12.30 oere yn de boks ferwachte:
Gertjan, Jort, Bote, Jurjen, Niels, Jesse, Lieuwe, Arjen, Ralph, Watze, Yward, Tjeerd, Sjoerd, Hendrik E. en Inne.
Mooglik moatte der noch in pear spilers mei SDS 4 mei.

QVC 3 – SDS 4

Dizze wedstriid stiet al foar de 4e of 5e kear op it programma, mar it sil moarn wol wer in toer wurde om te fuotbaljen. It fjild lit it mooglik net ta en de seleksje fan SDS 4 foar moarn is ek noch net al te grut…..

De nije SDS-League!

De transferperioade sit der op, dus wy kinne wer los mei de nije SDS-League! Wy binne noch efkes dwaande om it nije formulier ynelkoar te flansen en dan kinne jim him hjir fanôf 16.03 oere hinne fine.

Harsens derby (2099)

Handige aksje…………..

Letter mear!