Weppers tiisdei 29-1-2019

SDS JO11-1 kampioen yn de seal
26 januari 2019
Weppers woansdei 30-1-2019
30 januari 2019

Oefenwedstriid SDS 1 – QVC 1 om 20.15 oere

SDS 1 hat de smaak fan it oefenjen te pakken en sil jûn om 20.15 oere thús oefenje tsjin QVC 1. De folgende mannen wurde om 19.15 oere yn de boks ferwachte:
1 Jaap, 2 Bauke, 3 Gerwin, 4 Marco©, 5 Remco, 6 Ewout, 7 Frank, 8 Pieter, 9 Lourens, 10 Erik, 11 Matthijs, 12 Wiebe, 13 Yward, 14 Steven en 15 Gertjan.
De wedstriid stiet ûnder lieding fan skiedsrjochter Sander Over.

Kantine

De bestjoerskeamer is jûn iepen om efkes in bakje kofje te heljen by SDS 1 – QVC 1.

SDS op it OFK 45+

Kommende sneon is it OFK sealfuotbal foar 45+ yn de Trije yn Frjentsjer. SDS is ek fan de partij mei Frans Stap, Anco Elgersma, Ids Boersma, Remco Bervoets, Klaas van der Weg, Jacob-Jan Oostra en Tjeerd Dijkstra. Sy moatte om 19.30 oere los en sitte yn in poule mei Burgum, Mulier, Zeerobben en GAVC. De earste twa yn de poule geane troch nei de kwartfinales.

SDS Vr.1

De froulju fan SDS Vr.1 meie sneon alwer los yn de kompetysje. Sy spylje om 14.30 oere thús tsjin Sint-Annaparochie Vr.2.

SDS 2 oefent tsjin ONT 2

SDS 2 sil sneon ek wer efkes oefenje. Sy oefenje sneon om 12.30 oere thús tsjin ONT 2.

SDS 1 yn de beker

SDS 1 spilet op tiisdei 19 febrewaris thús foar de beker tsjin Twijzel 1. Wy witte noch net tsjin wa’t ien fan beide klups moat as sy yn de folgende ronde komme, mar neffens in ûnbetroubere bron komt dizze tsjinstanner út de wedstriid Elim 1 – Flevo Boys 2. SDS of Twijzel soe dan in útwedstryd hawwe.

SDS-sjaal op Nieuw-Noord

Mei it fuotbaljen is it dan op it heden wat minder by sc Heerenveen, mar mei de oanklaaing fan it stadion is neat mis. Sa is de omrin ûnder steantribune Nieuw-Noord prachtich opkreaze. Hjir hingje no ek sjaaltsjes fan allerhande fuotbalklups. Fansels mocht dy fan SDS net ûntbrekke!

De nije SDS-League

Tongersdei is de lêste dei dat de transfermerke iepen is, dus dan kinne wy wer dwaande mei it meitsjen fan nije teams foar de SDS-League. Meitsje je team dan sel dan kinne wy sneon 9 febrewaris wer los!

Harsens derby (2097)

In net al te ûngelokkich keunstgerspôltsje…………