Weppers woansdei 3-12

Stypje fia Rabobank
2 december 2014
Nijjiersgearkomst/snertrin 2015
3 december 2014

Doelpunten
It doelpuntenklassemint is wer bijwurke. De froulju bliuwe noch oan kop mar in stik as wat SDS fiivers, wêrûnder Harm Auke bliuwe driigjend skoaren. Ek Hendrik de Jong en Eeltje Postma hawwe harren wer melden yn de frontliny.

Programma
It programma foar kommende sneon sjocht der
sa út.

Út(slach)
Ôfrûne sneon miste der ien wedstryd op it programma hjir op de webside. SDS E1 moast namelijk út fuotbalje tsjin ONS E2. SDS E1 Moast eins thús, mar om ’t der gjin romte wie yn Easterein ward de wedstryd omdraaid. Lokkich genôch wûn SDS E1 de wedstryd al mei 4-3.

Fan herte lokwinske!
Friso Albada is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!

Sa âld is Friso fêst noch net wurden, mar miskien kin de bakker it foar him oanpasse.

1971
At jim in komplete Treffer fan 1971 lêze wolle (se wiene doe noch net sa dik) dan kin dat
hjir

Fierderop
Dirk Yde en Imke sitte altiten noch oan de oare side fan de wrâld. Sij hâlde no ta yn Nij Seelân en Imke skriuwt der wer oer. Harren
diel 5.

SDS League
Sjoerd Rispens sil noch wol boppe-oan stean en Douwe-Dirk stiif ûnderoan. Dochs sjogge wy út nei de nijste stân fan de SDS League. Moarn kinne jim him hjir besjen. Hooplik……..

Alderaardichst
Permalink voor ingesloten afbeelding

Harsens derby(1385)
Hy sil der dochs in kear yn gean soenen je sizze: