Weppers tiisdei 27-1

Weppers moandei 26-1
25 januari 2009
Weppers woansdei 28-1
27 januari 2009

A’s
We trainen moarn (woansdei 28-1)dochs op it fjild.
De seal geane we dus net yn.
Klaas

De seal yn
Yn ferbân mei de hurde fjilden giet SDS 3 moarntejûn de seal yn. De sealtraining begjint om 21.30 en is dien om 22.30. Allegear €1,- meinimme.

Net traine en wol oefenje
It trainen fan SDS 2 giet jûn net troch.
Tongersdei sil SDS 2 om 19.30 oefenje tsjin WPB 2 yn Snits. Sy fertrekke om 18.45 út Easterein.
Mocht dit tongersdei net trochgean dan wurdt der yn Snits om 18.00 traint op kuenstgers. It fertrek út Easterein is dan om 17.45.

Allerhande skuon meinimme
Neffens myn bronnen is ’t trainingsfjild hurd, flak mar sjippe gled.
It liket my dan ek net onferstandich dat de earste seleksje jûn ek efkes de draafskoun meinimt. 
groetnis
Dick

Wol/net traine
It is wat mei it trainen. Of it knypt mei it fjild of mei de trainer. Foar C1 is foar de tiisdei in oplossing fûn.:
De C1 begint tiisdeitejûn toch te trainen. We besjogge it per wieke. We hawwe in interne oplossing fun. Auke Eringa sil moarn de training opsich nimme fan 18 oere tot 19 oere. De trainingen van tongersdei feroarje net neffens foar de winterstop. De C1 krijt per wieke sels de informaasje wol wat der stiet te gebeuren. 
Kommende sneon stiet de 1e oefenwedstriid ek op it programme, dit sil wêze tsjin Wit Zwart Sneek C2. 
Groetnis Dirk

A’s winne mei 1-5
Ofrûne sneon wienen de A’s nei Harlingen A1.
Under lieding fan ‘good old’ Age Tichelaaar ha de beide ploegen der in moaie en sportive pot fan Makke, sei Tamme. Ek Lody wie tefreden oer it aardige spul nei in winterstop en 1 kear trainen. Miskien kaam dat wol troch in moaie strakke keunstgêrs hockeyfjild wer it better wie om net lizzen te gean, sei Age.
De earste goal waard makke troch Andries, de twadde troch Jacob en de lêste troch Kristian Gaastra.
Wa goals 3 en 4 makke hat witte we net. Wa wit dat wol?
Kristian Gaastra en Christiaan Plantinga wienen fan de B1 mei as gastspilers. Mar goed ek, want Elger en Ronald wienen der net en hienen ek neat hearre litten. We binne benijd nei de útlis.
Takom sneon nei Makkum. Nei bekerferlies mei 2-5 wûnen we yn de kompetysje mei 3-1. Sjen as we sneon yn Makkum trije punten helje kinne, dan krûpe we wer wat omheech.
Groetnis,
Klaas Pompstra

Oanfulling
haa klaas
efkes veroaringen van it verslag van sneon!
de eerste goal is troch andries makke de twadde troch wytze, tredde troch freek en fjirde troch christiaan gaastra.
groeten ewout.


SDS League
De transferperiode yn de Eredivisie rint noch 4 dagen. It formulier foar de SDS League wurdt dan ek noch geregeld oanpast. Wy wolle namelijk graach op 7 febrewaris wer begjinne. It formulier moat dan dus ek ynlevere wêze. Klik
hjir om alles oer de nije SDS League te lêzen. Je meie je team wol fêst ynleverje en efentueel noch foar 7 febrewaris oanpasse.

Nei de pedikure?
Út sear ûnbetroubere bron hawwe wy fernaam dat Jacob-Klaas Haitsma jûn net traine kin. Hy moat nei de pedikure?

Dat wurdt tiid………………

Goal?
Botofogo spile dit wykein tsjin Boavista yn de Braziliaanse kompetysje. Sy makken in wonderlijke goal. Of wie it net in goal? De skiedsrjochter hat lang twifele. Besjoch it filmke fanôf ûngefear 6.00: