Weppers woansdei 27-2

Weppers tiisdei 26-2
25 februari 2008
SDS League: "FC Topie" pakt wykpriis!
27 februari 2008

Folslein programma 
Kommende sneon binne der trije senioren alvetallen aktyf en hast alle jeugdploegen. Sjoch foar it folsleine programma
hjir.

Futsal(1)
De futsallers fan SDS 3 binne jûn aktyf yn Sint Nyk. Sij spylje tsjin Renado. Krekt as altiten binne wij benijd nei de útslach.

Futsal(2)
De futsallers fan SDS 1 binne fan ‘e wike frij. Sy hoefe pas folgende wike freed wer tsjin Avanti 2.

SDS League
De nije stân fan de SDS League stiet hjir jûn.

Glasgow
Û.o. Jan Steneks en Sjoerd van Beem sieten begjin fan ‘e wike yn Glasgow. Gewoan samar efkes mei in pear maten derop út. Sy soenen noch probearje om ôfrûne snein nei Glasgow Rangers tsjin Gretna. Wy binne benijd as dit slagge is. Miskien kinne jim se
hjir fine.

Tailân
Dennis Dijkstra sit mei de faam yn Tailân, mar hâldt yntensyf kontakt mei it thúsfront. Juster SMS’te hy Hylke Schrale om te melden dat hy net te trainen kaam. Hy soe yn Tailân al efkes meidwaan oan in fuotbaltoernoai. It sil wierskynlik net folle bydrage oan Dennis syn kondysje(klik
hjir).

Spitich
Douwe de Boer hat him fan ‘e wike ôfmelden as lid fan SDS.

Wichard
Wichard Deinum hat ôfrûne sneon mei syn 3 goals foar SDS 2 dúdlik sollisiteard nei in plakje yn SDS 1. Mocht hy sneon by de A-seleksje sitte en de goal meitsje dy ’t SDS 1 de periodetitel oplevert, dan witte wy wa ’t nei de tiid yn de kantine de heechste noaten sjongt………


Warskôging
Efkes in warskôging fan Feike Jorritsma. Mochten jim in ring omhawwe en mochten jim in doelpunt fiere wolle, sykje dan net in raar stek op, sadat in ring earne efter hingjen bliuwt en de finger dus ek.

Eigen goal(3)
Dizze eigen goal mei fansels net ûntbrekke fan ‘e wike. Mei nammen dat jonkje nêst de goal wat stiet te juichen makket it in hiel pynlike eigen goal: